Hoofdtekst
Hearke hie hwat bou en hwat greide, mar hy hat nea in hynder hawn. Hy roun sels foar de ploech en luts de wein mei dong nei it lân. Op in kear wie hy by in freon fan him. Dy wie oan it dong laden. Hy hie twa weinen efter elkoar. Se wiene swier ôfladen. Hwer de dongbult altyd stie, wie de groun faek leger. De bult siet yn in kûle. Twa hynders waerden ynslein en soenen de weinen der útlûke. Mar de bisten glieden iderkear út. Doe soenen de weinen der mar ien foar ien út. Mar Hearke sei: "Wachtsje effen. Jim moat ris goed sjen. Jim kinne it sels ek dwaen."
En hy stuts de linker hân yn de bûse, naem it tiksel mei de rjochterhân beet en luts de beide weinen op de wei.
En hy stuts de linker hân yn de bûse, naem it tiksel mei de rjochterhân beet en luts de beide weinen op de wei.
Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Sterke man doet voor hoe hij met één hand twee mestwagens uit mestkuil trekt.
Bron
Collectie Keuning, verslag 50, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Hearke   
Sterke Hearke   
