Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING006905 - Joast Wiersma.

Een sage (mondeling), maandag 17 september 1962

Hoofdtekst

In broer fan my wie ris slim siik. Wy masteren doe mei dokter K. fan Drachten. Dy seach it slim yn. Wy tochten allegearre, dat hy tarring hie. Dokter tocht, dat hy wol net better wurde soe. Mar hy moast dochs mar hwat oan it wurk. Myn broer wie tige slop en joech in protte guod op.
Doe gongen wy mei him nei Joast Wiersma fan Jistrum. Dy sei, dat it goed wie, dat hy sa 'n guod op joech. Der moast noch folle mear los komme. Dêr om moasten se in pear druppen terpentyn yn hjit wetter dwaen. En dêr moast hy mei de holle boppen. Syn longpipen sieten hielendal forstoppe.
Nou, dat ha se dien. En hwat in guod der doe loskaem. Heitendy wienen der binaud fan. Mar myn broer waerd al gau hielendal better.

Onderwerp

TM 3102 - Belezer geneest mens of dier    TM 3102 - Belezer geneest mens of dier   

Beschrijving

Door dokter opgegeven zieke die opgegeven geneest na toepassen van middel van wonderdokter.

Bron

Collectie Keuning, verslag 69, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

[Joost Wiersma (1844-1927), veearts, ook bekend als wonderdokter]

Naam Overig in Tekst

K.    K.   

Joast Wiersma    Joast Wiersma   

Joost Wiersma    Joost Wiersma   

Naam Locatie in Tekst

Drachten    Drachten   

Jistrum    Jistrum   

Eestrum    Eestrum