Hoofdtekst
Op 'e Geast wenne in wûnderdokter. Monsma hjitte hy. Dêr kamen in protte minsken, sels út Dútslân wei.
Der soe hjir wei ek ris ien hinne. Der moast altyd in greate flesse mei wetter fan de patsjint mei. Hjir wie de frou siik. De man stuts ûnderweis efkes oan. Hy sette de flesse mei it wetter efkes op in kast yn de gong. Dat seach de kastlein. Hwat die dy smiecht? Hy lege de flesse en die der wetter fan syn wiif yn. Doe de man by Monsma kaem en him de flesse oer joech, sei dy:
"Nou, dit liket neat net slim. Jou frou moat in bern ha."
Doe hy werom wer oanstuts, wie de kastleinske ek yn de tapkeamer. Doe de man fortelde, hwat Monsma sein hie, krige hja in kleur as fjûr.

Onderwerp
TM 3102 - Belezer geneest mens of dier   
Beschrijving
Kastelein verwisselt urine van zieke vrouw voor die van zijn echtgenote. Wonderdokter ziet in urine dat de zieke zwanger is. Echtgenoot van zieke vertelt op terugweg wat uitkomst is, waarop echtgenote van kastelein bloost.
Bron
Collectie Keuning, verslag 77, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
Monsma: Jan Monsma (Akkerwoude 1968-Oudkerk 1939) wonend Gaestemerfjild (onder Rinsumageest) op boerderij Steenendam, veehouder, genezer. Zie De Sneuper nr. 92, juni 2009
Naam Overig in Tekst
Gaest   
Monsma   
Dútslân   
Duitsland