Hoofdtekst
By omke en dy wie in bern siik. Bitsjoend, tocht mem. Omke moast mar nei W. yn Kûkherne. Omke woe der oars net oan, mar op it lêst die hy it dochs. W. sei: "It bern is wol bitsjoend. It frommes, dat tsjin jim oer wennet, hat it dien."
Doe omke wer thús kaem seach hy, dat it minske tsjin har oer it glêskleed optilde en nei him seach. Omke gong nei har ta en sei:
"Nou komst do daliks mei en do makkest myn bern wer better en oars sil ik mei dy rêdde."
Sy gong mei. Alle minsken moasten út 'e keamer wei, op it bern nei. Mar omke sei: "Ik bliuw der by. Ik wol sjen, hwatstou mei it bern dochste."
Hja gong nei it bêd en striik it bern in pear kear oer de holle, oars neat. En fan dat ogenblik ôf knapte it bern op. Hja makket faek noch in frjemde biweging mei de holle. Dat hat sy der fan oer hâlden.

Onderwerp
TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Duivelbanner stelt dat ziek kind is betoverd door buurvrouw. Nadat vader heeft geeist dat ze het kind beter maakt, strijkt ze het over het hoofd, waarna het kind geneest.
Bron
Collectie Keuning, verslag 80, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
W.: Greate Wopke, Wopke de Vries (1821-1893), Kuikhorne, veedokter, meest populaire wonderdokter in noordelijke Friese Wouden, gaf vooral drankjes mee voor betoverde mensen.
Naam Overig in Tekst
W.   
Greate Wopke   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Kuikhorne   