Hoofdtekst
Hjir wie ris in bern bitsjoend. Der sieten krânsen yn it kessen. Doe tochten hja: Der moast nachts mar ien de wacht by hâlde. In omke fan my soe dat dwaen. En hwat barde der? Midden yn 'e nacht siet der samar in greate swarte kat op de widze, wer it bern yn laei. Omke grypte in luiwagen ôf soksahwat en sloech der op los. De kat fleach troch de keamer. Het bloed roun him út 'e kop.
En hwat blykte nou? It wie âlde Livius. Dy hat fjouwer dagen op bêd lein. Hy hie allegearre doeken om 'e holle, hwant dy siet ûnder de smertlapen.
En hwat blykte nou? It wie âlde Livius. Dy hat fjouwer dagen op bêd lein. Hy hie allegearre doeken om 'e holle, hwant dy siet ûnder de smertlapen.
Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
TM 3109 - Heksenkrans in kussen   
SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
  
Beschrijving
Nadat zwarte kat op wieg van betoverd wordt verwond, heeft man verwondingen aan het hoofd.
Bron
Collectie Keuning, verslag 105, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Livius   
Plaats van Handelen
Anjum   
