Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING011104

Een sage (mondeling), donderdag 13 juni 1963

Hoofdtekst

Foar my sels bin ik ris nei in Bruinsma yn Workum west. Ik hie lêst fan pine yn de knibbel, De boer hjir flak by hearde, hwat my mankearde en dat ik wol nei Workum woe. Ik ha wol faek by him arbeide. Hy kaem by ús en sei: "Jo woenen graech nei W. en wite net, hoe jo der komme moatte? Nou, ik wyt it wol. Wy ride der togearre mei de wein hinne. Jo wite, dat ik ek lêst fan de knibbel hâwn ha, mar dat sy my opereard ha. Mar nou bigjint de oare knibbel my sear to dwaen. En nou wol ik earst ek wol ris by Bruinsma sjen."
Nou, wy rieden der hinne. Ik kaem earst oan bar. Hy striek my earst oer de iene knibbel. Samar oer de broek hinne.
"Dêr mankeart net folle oan," sei hy. Doe de oare knibbel. Dat wie minder. Mar hy hat der in pear kear mei de hân oer hinne strutsen en de pine wie oer en kaem ek net wer.
Doe moast de boer komme. Dy striek hy earst oer de knibbel, dy opereard wie.
"Hwat is dit. Hjir kin ik neat oan dwaen," sei hy. Mar mei de oare gyng it krekt sa as mei minen. En der hat de boer ek nea wer lêst fan hâwn. Wol fan de knibbel, dy opereard wie.

Onderwerp

TM 3102 - Belezer geneest mens of dier    TM 3102 - Belezer geneest mens of dier   

Beschrijving

Strijker laat pijnlijke knie genezen.

Bron

Collectie Keuning, verslag 111, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

Bruinsma: Wopke Bruinsma, Workum 1882-1955, boer, rentenier; Rooms; genezer door bestrijken en belezen.

Naam Overig in Tekst

Bruinsma    Bruinsma   

Naam Locatie in Tekst

Workum    Workum   

W.    W.