Hoofdtekst
Myn dochter wenne as faem by in boer hjirre. Dy man wie slim rimmetikich. Hy koe net in stap forsette. Doe ha se Pieter Striker fan Westergeast by him helle. Hy kaem de middei's om goed twa ûre. Ús dochter gyng efkes letter it lân yn om it fé nei foaren to heljen foar it melken. Doe 't hja werom kaem, stie de boer by de hikke to roppen:
"Hwer is myn tuolle en it spantou."
"Hwat sille jo dan?"
"Melke fansels!"
Hy wie hielendal klear. Pieter hie hwat op him om strutsen. En krekt tofoaren hienen de boerinne en ús fanke him noch op it húske helpe moatten.
"Hwer is myn tuolle en it spantou."
"Hwat sille jo dan?"
"Melke fansels!"
Hy wie hielendal klear. Pieter hie hwat op him om strutsen. En krekt tofoaren hienen de boerinne en ús fanke him noch op it húske helpe moatten.
Onderwerp
TM 3102 - Belezer geneest mens of dier   
Beschrijving
Strijker geneest van reumatiek.
Bron
Collectie Keuning, verslag 123, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Pieter Striker   
Pieter   
Naam Locatie in Tekst
Westergeast   
Westergeest   
Plaats van Handelen
Foudgum