Hoofdtekst
Yn Marrum wenne in âld minske, dat nei der sein waerd, tsjoene koe. Ik wyt noch, dat der ris in baby geboren waerd. De baekster saei doe tsjin de mem: "Ik sil wol oppasse, dat hja, de tsjoenster, dy dêr wol oer 'e flier kaem, nearne oankomt hear. As hja yn 'e hûs komt, binne de ruften en sa wol oan 'e kant.
Der wennen dêr ek in pear minsken, dy ha twa lytse bern forlern. Dêr rounen de katten faek om hûs hinne to gûlen. Yn it lêst leinen dy berntsjes al mar nei boppen to sjen. Der waerd sein, dat de mem, doe hja noch faem wie, wol by de tsjoenster slept hie.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Baakster zegt te zorgen dat heks nergens aankomt; kinderen sterven als katten rond huis lopen, want moeder zou bij heks hebben geslapen.
Bron
Collectie Keuning, verslag 131, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Naam Locatie in Tekst
Marrum   
Plaats van Handelen
Marrum   