Hoofdtekst
Holle ôf, holle op
'Dy âld man fan Warten hie noch wat oer dy ferneamde Wartenster bakker. Der wie in man, dy koe alderôfgryslikste hurd ride en hy ried fan Earnewâld nei Warten. Mar hy wist net, dat yn 'e Krúswetters in grut wek wie. Dat wist de man net, dat hy ried fol faasje en hy ried yn 't wek. Mar hy hie sa'n alderraarsten gong, dat oan 'e oare kant fan it wek dêr waard de holle der ôf snijd. Dy holle fleach fansels oer't iis hinne fuort, trochdat de man sa'n gong hie, mar hysels gong ûnder it iis fierder. En hy kaam by Warten by de brêge út en dêr wie wer in wek, en dêr kaam dat saakje wer opelkoar en de holle frear fuort wer fêst op dat lichem.
Mar doe woe er him wat opwaarmje, want hy wie troch alles hinne kâld fansels, en wiet. Wat opwaarmje by de bakker dêre yn Warten, by de oven. Ja, troch de waarmte rekke dat saakje wer los, no? Dy bakker hat doe dy holle der wer op bakt, Hy moast even yn 'e oven, dy holle. Doe hat de bakker dy der wer op set, ja slein, leau 'k, net al te brun bakt' (S.T.).

Onderwerp
TM 5006 - De Hoofdenbakker   
Beschrijving
Een man, die heel hard kan schaatsen, rijdt van Eernewoude naar Wartena. Hij vergeet echter dat er zich een groot wak op de route bevindt. In volle vaart rijdt hij het wak in. Door de snelheid wordt aan de andere kant van het wak zijn hoofd eraf gesneden. Het hoofd glijdt voort over het ijs. De man zelf gaat verder onder het ijs. Bij een wak verderop komen hoofd en lichaam weer samen en vriezen op elkaar. De man gaat naar de bakker in Wartena om zich op te warmen, maar door de warmte raakt zijn hoofd weer los. De bakker stopt dan het hoofd in de oven en bakt het er weer op.
Bron
Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 190
Commentaar
1972-73
Naam Overig in Tekst
Krúswetter   
Naam Locatie in Tekst
Warten [Wartena]   
Earnewâld [Eernewoude]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20