Hoofdtekst
De bakker fan Warten
'Der hat ris in bakker yn Warten wenne, dy koe mear as in sljochtwei bakker. As jins holle jin net nei 't sin wie, te ûnsjoch bygelyks, dat men sei, ik kin net foar de kreammen lâns, dan koe men hinnegean en lit jins holle oerbakke te Warten. Dan kaam de holle der efkes ôf; dy gong yn 'e oven en waard moaier bakt. Mar no siet dêr wat risiko yn. Want hie baas him wat te lang yn 'e oven en waard er te hjit, dan kaam dy holle wol wer op 'e hals, mar dan krige sa'n man de namme fan hjitkop. Mar dy bakker hie 't soms ek fleanende drok—dan kamen de hollen der út, en ja dan wienen se healnôch. Dat wienen wytkoppen, misbaksels.
Ik ha dit heard fan in âld man te Warten, no ek al sa'n fiifenfyftich jier Iyn. Doe wienen we dêr oan 't polderdykjen. Dy âld man hie ek it ferfaal fan 'e hurdrider, dy't yn in wek ried en doe de holle der ôf. Dy kaam ek by deselde bakker, mar dat is in oar ferhaal' (S.T.).

Onderwerp
TM 5006 - De Hoofdenbakker   
Beschrijving
In Warten woont een bakker die op verzoek hoofden `mooier' bakt. Wie niet tevreden is over zijn hoofd kan het bij hem laten verfraaien. Er zijn echter risico's aan dit werk verbonden. Als de bakker het hoofd te lang bakt, krijgt de bezitter de bijnaam `heethoofd'. Als het hoofd daarentegen te kort gebakken wordt, en nog halfgaar is, spreekt men van `witkoppen' of `misbaksels'.
Bron
Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 191
Commentaar
1972-73
De in dit verhaal besproken bakker zou, volgens de verteller, dezelfde persoon zijn die ook het losgeraakte hoofd van de schaatser in Warten heeft vastgebakken (zie YPFOE166b, Holle ôf, holle op).
Naam Locatie in Tekst
Warten [Wartena]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20