Hoofdtekst
Ferskining yn 'e moarnsdize
Wat hjir folget waard troch dejingen dy't it meimakke ha net sûnder mear foar spoekerij hâlden, mar se twivelen al.
'It moat ris bard wêze, dat op in iere simmermoarn, wylst alles noch mistich wie, twa fiskers— beide hienen in boat—op it wetter wienen. Se fearen tusken Earnewâld en Aldegea en doe op in stuit frege de iene: Sjochsto ek wat? Ja, sei de oare, ik sjoch wol wat.
Se foeren swijend troch, en doe nei in tiidsje frege de iene wer: Begrypsto no, wat dat west hat? Nee, sei de oare, ik begryp it net, mar it wie krekt, oft der in man yn in boat fear en dat er op 'e knibbels lei te skowen, yn pleats fan der by te stean. Krekt oft er net sjoen wurde woe.
It ferskynsel hie ek samar fuort west. Se seagen it net mear, se koenen it net folgje. Mar nei de tiid moat der in bernelykje fûn wêze oan 'e kant fan 'e Geau, dy't fan Aldegea sa nei de Krúsdobbe rint. Doe woenen se wol ha, dat dy ferskining mei dat bernelykje yn ferbân stie'(R.T.).

Beschrijving
Twee vissers in een boot zien op een morgen een man op zijn knieën in zijn boot liggen (alsof hij niet gezien wil worden). Kort daarna wordt er aan de kant van de Geau een kinderlijkje gevonden. De vissers sluiten niet uit dat er een verband bestaat tussen deze vondst en de man in de boot.
Bron
Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 196
Commentaar
winter 1978-'79
Naam Overig in Tekst
Geau   
Krúsdobbe   
Naam Locatie in Tekst
Earnewâld [Eernewoude]   
Aldegea [Oudega]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20