Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE190a - De fersonken stêd Warten

Een sage (boek), winter 1979

Hoofdtekst

De fersonken stêd Warten

En spoarleas gyng it nei de grûn
Mei minske, hûs en toer;
En neat fan alles is der bleaun,
Sa stiet yn d'âld kronyk beskreaun;
No streamt er't wetter oer.

Sikke Koldyk

'Ik ha oars net heard, as dy fersonken stêd lei yn 't Wartenster Wiid. Se sizze ek altiten: as it hiel moai waar is en tige, tige stil, dan kin men de âlde klokkon noch hearre yn 't Wartenster Wiid. It hat ek sa west, as it tige stil waar wie, dan hoegde men dêr net oer te farren, want de kloet rekke fêst op ien fan 'e dakken fan 'e fersonken stod. As it blakstil wie, koenen de skippen wol lizzen bliuwe. Der is ek it ferhaal fan 'e skipper, waans kloet yn 'e toer fêst siet. Ik ha ek wol heard, dat men yn pleats fan by stil waar de klokken hearre koe, wannear't it tige stoarme. Mar ja, dan hat men safolle lûden yn 'e wrâld.
It hjitte altyd, dat se dêr no en dan it iene en it oare opfisken. Omke Jelle sei altyd: No, it is wier, ik ha 't sels sjoen. Der wie in boer oan 't hekkeljen en dy helle in piip op út it Wiid. Dat wie de piip fan ien fan 'e mannen dy't dêr mei de stêd fergongen wie.
Sjoch, dy stêd is ûntstien troch Redbad. Hy moat sein ha, Warten sil ien kear in stêd wêze, moaier as Rome en grutter as Utert. Der is ek profetearre, hy soe like hurd wer ferneatige wurde as er kommen wie. Ik wit wol, dat dy stêd fergongen is mei in grutte floed, doe't heal Fryslân der ûnder strûpt is' (A.B.-S.).

Beschrijving

In het Wijd van Wartena ligt, naar men zegt, een verzonken stad. Bij mooi, stil weer kan men de oude kerkklokken nog horen. Wie dan over het Wijd vaart, loopt bovendien de kans dat zijn vaarboom blijft steken in de daken of de toren van de verzonken stad. Ook worden er voorwerpen opgevist die zouden toebehoren aan mensen uit de stad. De stad is ontstaan door Redbad. Hij heeft voorspeld dat Wartena een mooie, grote stad zal worden, maar ook weer snel zal vergaan tijdens een grote vloed.

Bron

Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 206

Commentaar

winter 1978-'79

Naam Overig in Tekst

Wiid [Wijd]    Wiid [Wijd]   

Wartenster Wiid    Wartenster Wiid   

Omke Jelle    Omke Jelle   

Redbad    Redbad   

Utert [Utrecht]    Utert [Utrecht]   

Naam Locatie in Tekst

Warten [Wartena]    Warten [Wartena]   

Sikke Koldyk    Sikke Koldyk   

Rome    Rome   

Fryslân [Friesland]    Fryslân [Friesland]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20