Hoofdtekst
De fersonken stêd Warten
'Us heit hat yn syn jonge jierren in jier of tsien yn Warten en Wergea by de boer wenne. Dan prate er gauris mei skippers; se brochten by 't hjerst fan alles by de boeren, en dan kamen sokke ferhalen ek wol op 'e bûthúsbank. Se seinen altyd, it Krúswetter dêr by Warten dêr leit in stiennen flier ûnder. Se sizze, dêr hat dy âlde stêd Warten lein. Der is ek in stiennen paad, dat giet sa troch de Grêft fierder. Se seinen ek: Wy skippers en fiskers hearre dêr by de Krúswetters ek altyd in klok lieden en dat komt dêrfan. Dat doarp dat dêr lein hat, dêr let de klok noch' (H.H.).

Beschrijving
Volgens de schippers die vaak in Wartena en Warga komen ligt er onder het `Krúswetter' bij Wartena een stenen vloer. Hier zou de oude stad Wartena gelegen hebben. Men zou in deze buurt ook nog de klok van het oude dorp kunnen horen luiden.
Bron
Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 206
Commentaar
winter 1978-'79
Naam Overig in Tekst
Krúswetter   
Grêft [Gracht]   
Naam Locatie in Tekst
Warten [Wartena]   
Wergea [Warga]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20