Hoofdtekst
De fersonken stêd Warten
'De stêd Warten dy't fergongen wie, haw ik wol ris wat oer heard. Der hat foarhinne in grut wetter by Warten lein en der waard allinne sein, dat Warten by âlds folle grutter west hat, in stêd, en dat dy yn dy mar fersonken wie.
Oft it no it Wartenster Wiid wie of net, mar der waard by ús ferteld, dat der by Warten noch in plak wie dêr't de skippers wol gauris in deadskop oan 'e tean fan 'e kloet nei boppen helle hienen. Dy deadskoppen waarden mei de fersonken stêd yn ferbân brocht. En men koe der mar op rekkenje, dat bywannear't immen sa'n deadskop meinaam, dyselde binnen in healjier dea wie. Sa'n deadskop moast weromgoaid wurde nei it plak dêr't men him boppe helle hie' (S. de B.).

Beschrijving
De stad Wartena zou vroeger veel groter geweest zijn dan tegenwoordig. Dit grote Wartena moet verzonken zijn in een groot water. Er is nog een plaats in Wartena waar schippers aan hun vaarboom doodskoppen (afkomstig uit de verzonken stad) naar boven halen. Ze moeten deze echter op dezelfde plek teruggooien, omdat de vinder anders binnen een jaar zal overlijden.
Bron
Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 207
Commentaar
winter 1978-'79
Naam Overig in Tekst
Wartenster Wiid   
Naam Locatie in Tekst
Warten [Wartena]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20