Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE200 - De kat, de mûs en it potsje mei fet

Een sprookje (boek), dinsdag 10 juni 1975

Hoofdtekst

De kat, de mûs en it potsje mei fet
In kat hie freonskip sluten mei in mûs, want hy wist, dat de mûs troch alle Iytse gatsjes krûpe kin. De kat sei: 'Der moat yn 'e keukenskast in potsje mei fet stean. Ik kin der net by, mar do wol. Asto dat no ris ophelleste, dan ha wy doch wat om tegearre de winter troch te skarreljen'. No, de mûs socht alle gatsjes nei en lang om let, hy rêde it en kaam mei in Iyts, mar hearlik potsje fet oansetten. 'It is net in lang ein', sei de kat, 'wy moatte der elk syn bar mar fan slikje, en dan noch allinne om 'e oare dei. Hjoed ik earst'. De mage rommele de mûs, 'Toe dan mar'. Dy kat wie doch de sterkste.
De oare deis sei de kat: 'It wie miskien dyn bar wol, mar ik bin folle grutter en folle sterker—ik moat fansels hjoed wer ha'. En de deis dêrop, it mindere hurd en de mûs hie doch sa'n freesliken honger. Mar de kat sei: 'It is hjoed de tredde dei en wy soenen om 'e oare dei slikje. De earste dei wie minen, de twadde moast ik wol wer, want ik hie sa'n skroei, mar de tredde dei is earlik minen wer, want it giet om en om'. In mûs hat net safolle ferstân, it wie slim te berekkenien foar him dat hij tocht, it sil wol sa wêze, en hy skikte him.
De fjirde deis tocht de mûs, no is 't doch earlik myn dei. Mar och, der siet mar in bedroefd lyts bitsje fet mear yn 't potsje. Skjin op en heal sêd. De fyfte deis sei de kat: 'Wel, do gemiene mûs, alles hast opfretten. Foar my bliuwt der oars neat oer as dosels'. En yn ien hap gong de mûs der troch.
Sa giet it, as in mûs freonskip slut mei in kat.


Beschrijving

Een kat en een muis sluiten vriendschap. Om de winter door te komen, besluiten ze samen een potje vet te delen. Om beurten mogen ze ervan eten. De eerste dag is het de beurt aan de kat. De tweede dag wil de kat nog een keer eten, omdat hij als groot beest meer nodig heeft. De derde dag eet de kat weer, omdat het nu zijn beurt is. De vierde dag eet de uitgehongerde muis het laatste restje op. De vijfde dag is de kat verbolgen over het feit dat de muis alles heeft opgegeten en eet daarom zelf de muis op.

Bron

Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979,

Commentaar

10 juni 1975

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20