Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE204 - De foks as karmaster

Een sprookje (boek), zondag 06 februari 1972

Hoofdtekst

De foks as karmaster
De liuw en de tiger dy krigen kwestje, en net in bytsje. De liuw sei: 'Ik ha folle better lûd asto haste, en folle moaier. Dat liket neat'. 'Dat mienst mar!'sei de tiger, 'ik leau der neat fan. Witst wat, dan moatte wy dêr mar ris in proef fan nimme'. No, sy prebearren. En dat âle dêr. Jonge, it wie in libben as in oardiel.
'Ho ris even', sei de liuw, 'wy kinne ús stimmen no wol tsjininoar ferskreauwe en ferdwaan, mar der moat in karmaster by'.
Doe seagen se dêr de foks rinnen. 'Kom do hjir ris even, foks!' rôp de liuw, 'kom do hjir ris even!'
Ja, de foks moast wol komme, no? Ik wit net, wat dy hearen yn't sin hawwe, sei de foks tsjin himsels. Mar slûksturtsjendewei kaam er tichter by.
Doe sei de liuw: 'Sjoch ris, do stiest bekend om dyn knap ferstân. No sille wy elk syn bar ús stim hearre litte en dan moatsto sizze, wa't it moaiste lûd hat'. En sy âlen wer, it wie mâl. Mar de foks tocht, hjir jow ik my net yn. As ik tsjin 'e liuw sis: 'Jo hawwe de moaiste stim', dan pikt de tiger my. En sis ik tsjin 'e tiger: 'Do hast de moaiste stim', dan snipt de liuw my'.
Hy sei: 'Hearen, ik woe jim graach fan tsjinst wêze, mar yn dit gefal kin ik dat net dwaan, want ik ha alhiel gjin muzikaal gehoar'.
Sa wûn de foks him dêrfoar wei.

Onderwerp

AT 0051A - Fox Refuses to be Mediator    AT 0051A - Fox Refuses to be Mediator   

ATU 0051A - The Fox Has the Sniffles    ATU 0051A - The Fox Has the Sniffles   

Beschrijving

De leeuw beweert een beter en mooier stemgeluid te hebben dan de tijger. Ze besluiten een wedstrijd te houden. De vos wordt als scheidsrechter gevraagd. De vos weigert echter. Als hij de leeuw laat winnen, dan zal de tijger hem verscheuren, en andersom. Hij zegt daarom dat hij geen muzikaal gehoor heeft.

Bron

Ype Poortinga. De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.220-221

Commentaar

6 feb. en 10 nov. 1972
Fox refuses to be mediator

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20