Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE206 - De foks en de roek mei de tsiiskoarste yn 'e bek

Een sprookje (boek), maandag 18 december 1972

Hoofdtekst

De foks en de roek mei de tsiiskoarste yn 'e bek
In foks rûn troch de bosk. It sin stie net bêst, hy hie sa'n honger. It gnaude him der fan yn 't liif en dat wie lang net noflik. Hyltyd moast er oan iten tinke. Fûn ik no mar wat, fûn ik no mar wat! sei er. Hy seach foar him út en hy seach om him hinne, mar der waaide him neat yn 'e hals. Op 't lêst seach er ek al omheech. En wat seach er dêr? In âld roek. Dy siet dêr prinshearlik mei in grutte koarste tsiis yn 'e bek. Doe't de foks dat seach, tocht er, no kin it komme sa't it komt, mar dy koarste tsiis krij ik!
No, de foks is in tûke tinker. Dy roek siet heech yn 'e beam, dêr koe er noait by komme. Under de beam gong er froed op 't gat sitten. De foarste poatsjes oerinoar, sa siet er nei de roek te sjen. De roek seach him ek wol, mar dy ferroerde him net.
Hoe wie de roek oan dy lekkere koarste tsiis kommen? Der wie in frou oan 't bôlesnijen foar de bern en doe snie se dêr lekkere repen tsiis op. Se soenen sa dalik út skoalle komme en dan mochten se wol wat. De frou moast der efkes by wei en doe de roek gau troch it iepene rút en like gau wie er mei dy tsiis yn 'e bek wer fuort.
Dêr sieten se beide, de roek yn 'e beam en de foks der ûnder. Nei in hiel set stilte sei de foks tige fatsoenlik: 'Goemoarn, juffer Roek, ik bin bliid, dat ik jo sjoch, want alle dieren yn 't bosk hawwe it der oer, dat jo sa prachtich sjonge kinne. Fan 'e moarn betiid hearde ik der noch fan. En doe tocht ik by mysels, oh, wat soe it my oanstean, as juffer Roek ris in Iyts stikje foar my sjonge woe'. De roek sei by harsels, och minsken, dat elkenien it oer myn sjongen hat! Dat hie ik noait tocht. Mar ja, wier is 't, ik kin sjonge as de bêste. No, ik moat fuort mar begjinne. En dêr helle se op: Chrii! Chrii! Chriië! De foks tocht, koe 'k no myn earen mar tichtdwaan. En dêr gong it op 'e nij: Chrii! Chrii! Chriië!
Mar mei al dat ge-chriië foel de koarste tsiis moai foar de foks del. 'Hertlik betanke, juffer Roek!' rôp er nei boppen en hy makke dat er fuort kaam.

Onderwerp

AT 0057* - The Fox Flatters the Cock, the Squirrel and others    AT 0057* - The Fox Flatters the Cock, the Squirrel and others   

Beschrijving

De vos had erge honger, maar kon geen eten vinden. Toen zag hij de roek in de boom zitten met een stuk kaas in de bek. Hij ging onder de boom zitten en vroeg de roek of hij wat wilde zingen, omdat hij dat het beste kon van iedereen. Toen de roek begon te zingen viel het stuk kaas op de grond en ging de vos ermee vandoor.

Bron

Ype Poortinga. De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.221-222

Commentaar

18 dec. 1972
The fox flatters the cock, the squirrel and others

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20