Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE207 - Foks en earrebarre byinoar te gast

Een sprookje (boek), maandag 18 december 1972

Hoofdtekst

Foks en earrebarre byinoar te gast
De foks is it snoadste dier fan 'e hiele bosk. Altyd rint er te prakkesearjen, hoe't er de oare dieren te fiter ha sil. Op in kear hie er dêr wer tige lang en djip oer neitocht, en doe wie er op in idee kommen; no, hy hie der sels fantefoaren de measte wille al om. In kostlike grap soe er úthelje mei frou earrebarre. Dat wie sa'n ynfierene fûgel, altyd like deftich, in skytfenyn om samar te sizzen. Dat moast yn in nêst wenje op in hiele hege peal, en winterdei woe se hjir net iens bliuwe, dan moast se nedich nei Egypte ta. En in deftige taal dat se der út sloech, de jongen learde se al Egyptysk klepperjen.
Hy rûn troch de bosk, gong op 't gat ûnder de peal sitten, en dat wie: 'Goendei frou earrebarre. Wy fine jo allegear it foarnaamste beest fan 'e bosk. En jo wenje hjir al sa ferheven. Jo kinne net allinnich steatlik trêdzje, mar ek deftich fleane. Dat no woe ik jo wat freegje'. De earrebarre bûgde de lange snavel oer de râne fan it nêst, om nei de foks te harkjen, en se sei út 'e hichte wei: 'No, fertel dan mar op. Wat woenen jo sizze?' 'Myn boadskip is mar koart, frou earrebarre. Soenen jo my de eare oandwaan wolle en kom jûn by my te iten?' De earrebarre moast har earst wol efkes betinke, mar doe sei se: 'Ja, ja, dat moat dan mar'. 'Skikt it jo om sân oere?' frege de foks. En dêr knikte se mei har lange snavel, hiel deftich.
En de jûns om sân oere dêr kaam se op har hege poaten oanstappen. De foks hie de tafel wakker kreas klearstean en hy hie ek lekker spul reemakke. Mar wat hie er te dwaan? Dêr sjogge jim wer ien fan syn foksestreken: hy sette twa grutte platte boarden del, ien foar de earrebarre en ien foar himsels. Se koenen mar oanfalle. Och heden, de foks sette de snút der yn en hie sines yn in omsjoch leech, mar frou
earrebarre mei har lange snavel, dy koe net fan sa'n plat board ite. Se pjukte der wat yn om en as se tafallich tsjin in stikje fleis oan stjitte, dan fiske se dat der út. Mar fierder waard it mei har hiele iten neat.
Lykwols, se liet har net kenne; dêr wie se te grutsk ta. It measte bleau yn it board.
Doe't se fuortgong makke se in bûging en sei: 'Hertlik betanke, foks, foar dizze mieltyd. Ik soe sizze, wy moatte dit ris wer dwaan. Soenen jo moarntejûn by my komme wolle te iten?'
Wat koe de foks oars as de útnoeging oannimme? De earrebarre kaam ek hielendal net út 'e ploai, dat al hoe snoad as de foks wie, hy hie doch nearne gjin erch yn en hy wie der suver wat mei fergulde.
Dat de oare jûns dêr sette de foks nei de grutte peal ta. Hy tocht, ik hoopje al, dat ik net by frou earrebarre yn 't nêst hoech te tafeljen. Sa'n klimmer bin 'k net. Mar gelokkich, se hie de tafel op it gêrs ûnder de peal klear stean. Earst hie se noch wat omhalen. Dat ferfeelde de foks al, want hy roek it hearlike iten. Doe soe it dan wêze en de earrebarre diste op. Lekker sop hie se makke. Mar wêr hie se it yn dien? Yn twa lange flessen mei moai kliene halzen kaam it op 'e tafel. Sels hie se mei har lange puntige snavel har poarsje samar op, mar de foks moast it mei de lekkere lucht dwaan. Hy besocht al om de snút yn 'e flesse te krijen, mar hy koe gjin drip beneikomme.
Hy bearde efkes, dat er iet en doe sei er: 'It muoit my tige, frou earrebarre, mar ik moat no perfoarst nei hûs ta'. 'Oh, krekt sa't jo wolle, mynhear de foks', sei de earrebarre, want se bleau deftich.
Dêr sette de foks ôf mei de honger yn 'e hals. Hy hie syn master, of leaver syn masteresse, thúsfûn.

Onderwerp

AT 0060 - Fox and Crane Invite Each Other    AT 0060 - Fox and Crane Invite Each Other   

ATU 0060    ATU 0060   

Beschrijving

De vos haalt graag streken uit met de andere dieren. Zo nodigde hij de ooievaar uit bij hem te komen eten. Hij deed het eten op een plat bord zodat de ooievaar er met haar snavel niet bij kon komen. De ooievaar nodigde hierna de vos uit bij haar te komen eten. De ooievaar had het eten in flessen gedaan waar de vos met zijn snuit niet in kon komen. Zo had de vos zijn meerdere gevonden.

Bron

Ype Poortinga. De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.222-224

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20