Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE209 - De aap as skiedsrjochter

Een sprookje (boek), vrijdag 14 april 1972

Hoofdtekst

De aap as skiedsrjochter
Der wienen twa hûnen en de iene hie in stik tsiis. Dêr soe er oer gear, mar doe sei de oare: 'Dêr wol ik ek in stik fan ha!' Se kreauden in skoftsje, mar op't lêst seinen se: 'Oars krije we elk de helte'. Se snieën it dwerstroch, mar de iene sei: 'Dyn stik is grutter as minen'. En de oare wer: 'Ei nee, ju, safolle skilt it net. Ik ha 't sa goed mooglik yn twaën snien'.
Se sieten noch wat te kreauwen en doe gongen se nei de aap. De iene sei tsjin'e aap: 'No moatst ris sjen. Hy seit, syn stik tsiis is Iytser as minen. En dat skilt doch omtrint neat, wol?'
De aap beseach beide stikken ris tige en sei: 'No, it is wol sa—dit stik tsiis is wat grutter as it oare. Mar it moat lyk'.
En doe snie er in fikse hoeke fan it stik ôf dat dan it grutste wêze soe, en dy iet er sels op. Doe hâlde er se wer byinoar. 'O heden', sei er, 'no ha 'k der tefolle ôf snien. Sjoch mar, no is dat oare stik wer te grut'. No ja, lyk en rjocht, dat hy snie dêr wer in stik ôf. Mar doe wie it oare wer te grut en hy sei: 'It is dan wol raar, dat ik dat net better roaie kin!' En hy snie wer in stik fan 'e oare helte ôf, om it mar goed yn't lyk te krijen. Doe tochten de hûntsjes al, ik wit net, ik hie myn stik sa't it earst wie mar leaver hân, ek al soe it wat Iytser wêze.
De iene sei: 'It is sa goed, jou 't ús mar!' En de oare sei der oerhinne: 'Ja, ik bin der ek wol mei tefreden'. 'Nee', antwurde de aap,'rjocht is rjocht—wy sille it lyk dwaan'. En dan snie er hjir in stikje ôf en dan snie er dêr wer in hoekje ôf. 'Jamar', rôpen se op 't lêst, 'jou no op, it is goed genôch. It kin ús neat mear skille!'
Lang om let hie er fan elk noch in Iyts hoekje oerhâlden. Doe sei er: 'Ik soe sizze, no binne se wakker gelyk'. 'Ja, ja', rôpen de hûnen, 'jou it ús mar wer!' Se tochten, dan krije we teminsten noch in Iyts hapke. Doe sei de aap: 'Mar ik ha jim rjocht dien en dêr moat ik foar betelle wurde. Dat ik soe sizze, jim jouwe my beide dit Iyts stikje tsiis mar, dat is ek neat tefolle foar it rjocht dat ik sprutsen ha'.
Dat hy hâlde de beide lêste hoekjes tsiis en de hûnen gyngen mei de lege mage nei hûs.

Onderwerp

AT 0051 - The Lion's Share    AT 0051 - The Lion's Share   

ATU 0051 - The Lion’s Share.    ATU 0051 - The Lion’s Share.   

Beschrijving

Toen twee honden één stuk kaas hadden besloten ze dit te verdelen. De stukken werden echter ongelijk. Ze gingen ermee naar de aap die het op moest lossen. De aap sneed eerst een stuk van het grootste stuk af en stak dit in zijn mond. Toen was het andere stuk weer groter. Zo ging dit door tot er nog maar twee kleine stukjes over waren. De honden kon het al niet meer schelen of de stukken even groot waren en wilden nog net het laatste hapje nemen. Toen zei de aap dat hij nog wel betaald moest worden, en nam toen ook de laatste twee stukjes nog.

Bron

Ype poortinga, De foet fan de reinbôge, Fryske folksforhalen. 1979, blz.225.

Commentaar

14 apr. 1972
The lion's share

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20