Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE215 - It lân efter de heuvel

Een sprookje (boek), dinsdag 12 december 1978

Hoofdtekst

It lân efter de heuvel
Doe't der noch gjin minsken yn Fryslân wennen, lei dêr earne yn 'e woestenij in sânhichte. Oan 'e iene kant fan dat heuveltsje wie it allegearre leechlân, wetterlân, winterdei strûpte it ûnder. Oan 'e oare kant wie it heger, dêr lei de heide. Oan wjerskanten fan 'e hichte wennen kikkerts. De griene kikkerts hûsmannen yn it griene greide- en wetterlân en de brune kikkerts hienen de heide ta krite. Allinnich dy mânske heuvel lei der tusken.
De kikkerts oan wjerskanten hienen al withoefaak sein: 'Wat soe der doch oan 'e oare kant fan dy hichte wêze?' Dat woenen se allegearre graach witte en hûnderten kikkerts hienen al besocht om dêrboppe te kommen, mar gjinien wie it slagge. It wie te steil, de reis duorre te lang; se rekken skjin ynein en mismoedich kamen se werom. 'Wy sille it noait witte', seinen se.
Lykwols, de ferhalen oer hoe't it der oan 'e oare kant fan 'e berch—want dat wie it yn har eagen—ût seach, waarden wat langer wat moaier. En doe op in kear siet dêr in hiele grutte griene froask oer nei te tinken. Hy sei: 'It liket doch fordealde mâl, dat no net ien fan uzen nei al dat moais sjen kin dat oan 'e oare kant fan dy hichte leit'.
Krekt om 'e selde tiid siet der oan 'e heidekant in grutte brune froask en dy tocht presiis itselde. 'It liket my stomme raar ta', sei er, 'dat no gjinien mear wat fertelle kin fan dat prachtige lân dêrjinsen'. Sûnder dat se faninoar ôfwitte, sizze op in dei dy beide froasken tsjin har neiste famylje: 'ik wol it doch mar ris besykje, oft ik ek boppe komme kin. As it my slagget, sille wy witte, wat dêr oan 'e oare kant leit'.
Beide kikkerts jouwe har op in paad, elk fan in kant. Dagenlang binne hja dwaande mei omheech te krûpen; út en troch kinne se in eintsje hippe, en lang om let slagje beide kikkerts nei de top. Krekt op itselde stuit komme se op dat punt oan, de griene kikkert út it griene wetterlân en de brune kikkert fan'e brune heide.
'Hoe komsto hjir?' freget de iene, 'en wat dochst hjir?' 'No', antwurdet de oare, 'wy woenen graach witte, hoe't it lân der oan 'e oare kant fan dizze berch hinne leit'. 'Krekt', seit de earste, 'dat woenen wy ek—mar no sitte wy hjir yn 't gêrs en it gêrs benimt ús it útsjoch. It is krekt in pear tomme te heech om der oerhinne te sjen'.
In amerij wie it stil, doe sei de griene kikkert, dat wie de snoadste: 'As wy no ris rjochtop stean gongen, op ús efterste poaten, dan koenen wy oer dat gêrs hinne sjen'. 'Ja', sei de brune, 'mar dat slagget ús net. Dan falle wy om'. Mar de griene joech it net op: 'Witst wat wy dogge? Wy geane mei de rêgen tsjininoar oan sitten, en dan wrotte wy ús sa, mei goed steun yn 'e rêch, al njonkenlytsen omheech' 'Jonge ja', sei fleurich de brune, hy hie wer moed krige.
Om no mei de rêgen tsjininoar oan te kommen moasten se har fansels allebeide in healslach omdraaie. Dat dienen se en ja, se koenen it in skoftsje op 'e efterste poaten hâlde. 'Ik sjoch der oerhinne', rôpen se tagelyk.
Lang koenen se it net úthâlde, se krigen kramp yn 'e poaten en moasten har wer sakje litte. Doe draaiden se har wer nei-elkoar ta en gongen op har efterein sitten. Beide hienen se fansels oer it lân sjoen dêr't se wei kommen wienen, mar dêr sinde gjinien fan beiden op.
'No, hast it sjoen?'
'Ja'.
'It falt my raar ôf'.
'My ek. It is by jimmes ek krektlyk as by ús. Lit ús mar ôfprate, wy gean allebeide wer nei ûnderen en wy fertelle de lju, hoe't it der hinne leit'.
Se kamen thûs en seinen tsjin har grien en har brún folkje: 'No minsken, jim hoege de wrâld net yn te tsjen. It is oeral krektlyk as hjirre—wy hawwe it mei ús eigen eagen sjoen'.

Beschrijving

Aan beide kanten van een heuvel wonen kikkers. De kikkers aan de ene kant zijn nieuwsgierig over hoe het er aan de andere kant uitziet en andersom. Op een dag besluiten twee kikkers van ieder een kant de heuvel te beklimmen. Als de twee elkaar bovenop tegenkomen, is het gras zo hoog dat ze er niet door kunnen kijken. Ze besluiten met de ruggen tegen elkaar te staan zodat ze op hun achterpoten kunnen staan. terwijl ze dit doen, draaien ze automatisch een halve slag. Het land dat ze zien is (dus net als) dat van hunzelf. Ze vertellen de andere kikkers dat het er aan de andere kant van de heuvel precies zo uitziet als bij hun.

Bron

Ype Poortinga. De foet fan de reinbôge, Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz. 228-230.

Commentaar

12 december 1978

Naam Locatie in Tekst

Friesland    Friesland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20