Hoofdtekst
De skelfink
Foarhinne hie de boer folle mear folk: yn alle gefallen in fêste arbeider en in feint. En de frou hie in faam.
Sa wienen der ris in boer en in boerinne, dy soenen op in kear fuort. De boer hjitte de arbeider en de feint it wurk, en de frou de faam. 'En', sei se der by, 'do moatst foaral goed om it Iyts fanke tinke, om ús Greta!' 'Dat komt yn oarder, frou', sei de faam, 'en as ik der ferlegen mei reitsje, dan set ik har oan 't tou. Jim kinne gerêst fan hûs gean'.
De boerinne stie al op 'e sprong om fuort, doe kaam se doch noch efkes werom: 'Moatst der al om tinke, dat ús Iytse Greta net yn 'e spielgoate terjochte komt!' Alear rûn der fan 'e pomp—dêr't amers en alles himmele waarden—in djippe groppe nei de sleat. Dêr koe in hiele bulte wetter yn stean, as it spul net rjocht ôfwetterje woe. In Iyts bern soe der yn ferdrinke kinne.
Boer en boerinne rieden fuort en it folk gong oan 't wurk. Njonkenlytsen waard it theetiid en doe kaam de feint by de faam yn 'e hûs. Mar it wie jong spul en se rekken oan 't oangean. Dat wie bûtendoar en om 'e skuorre hinne fleane, krekt salang dat se aardichjes bekommen wienen fan 'e boarterij. It Iyts fanke hie de faam net mear oer prakkesearre.
Mar yn 'e âld parrebeam siet in skelfmkje. Dat die oars net as razen, en doe't se efkes útpûste, ferstie de faam it dúdlik: 'Tink, tink, tink, tink toch om ús Greta! Tink, tink, tink, tink toch om ús Greta!''Ho, it Iyts fanke!'sei se tsjin'e feint, dy't de hannen al wer nei har útstiek, en se fleach nei de oare kant fan'e pleats. Ja, dêr lei Greta al yn 'e spielgoate. As dy skelfnk net roppen hie fan: 'Tink, tink . . .', dan wie it bern ferdronken.

Beschrijving
De boer en boerin wilden een dagje weg en toen moest de meid op de kleine Greta passen. Ze moets er op letten dat ze niet zou verdrinken in de goot. Maar toen de knecht bij de meid in de keuken kwam, vergat de meid op Greta te letten. Tot ze een vinkje in de boom hoorde, die zei: "Tink, tink, denk toch aan Greta." Als de vink dit niet had gezegd was de kleine Greta verdronken in de goot.
Bron
Ype Poortinga. De foet fan de reinbôge, Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz. 230.
Commentaar
17 november 1976
Naam Overig in Tekst
Greta   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20