Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE226 - Pau en geal

Een sage (boek), vrijdag 12 oktober 1973

Hoofdtekst

Pau en geal
De fûgels wienen skepen, mar har uterlik moast noch it iene en it oare oan dien wurde. Se woenen allegear wat oars. De iene woe graach reade wjukjes ha, de oare in wite blês foar de kop, en neam mar op. Dat krigen se ek. En de pau woe ûntsettende graach moai wêze. Dat koe wol. Hy krige fearren dy't skitteren; hy krige in lange sturt, dy't er sierlik opsette koe; hy begearde in kroantsje op 'e kop en sels dat waard him skonken.
Mar ja, ien ding fergeat de pau - hy tocht net om syn poaten. Sadwaande hat er de rare, skilferige poaten hâden dy't er op dat stuit hie. Dat it is wier, sa't de lju sizze: men moat in pau noait nei de poaten sjen.
Der wie in oar fûgeltsje, dat prate nearne oer, hielendal nearne oer. It wie in lyts griis fûgeltsje—it siet by wize fan sprekken noch yn 'e grûnferve. Mar it wie der tefreden mei.
Lykwols, doe't it op sjongen oankaam, doe koe datselde ûnsjogge grize fûgeltsje it aldermoaiste sjonge fan alle fûgels en dat is sa bleaun. It wie de nachtegeal.

Beschrijving

Toen de vogels werden geschapen, kregen ze allemaal een ander uiterlijk. De pauw wilde graag heel mooi zijn, en dat kon. Alleen zijn poten bleven lelijk, want hij was vergeten om daarnaar te vragen.
Er was klein grijs vogeltje, dat al tevreden was met zijn uiterlijk. Dit vogeltje vroeg nergens om, maar ondanks zijn saaie uiterlijk kreeg hij wel de mooiste zangstem. Het was de nachtegaal.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 239.

Commentaar

12 okt. 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20