Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE227 - Hoe 't de swellesturt syn ynkeping krige hat

Een sage (boek), donderdag 22 juni 1978

Hoofdtekst

Hoe't de swellesturt syn ynkeping krige hat
It sweltsje stie op in kearby it wetter te drinken en dat seach in snoek. Dy snoek swom dêr om mei de honger yn 'e hals, want der wie gjin fiskje benei te kommen. Dan mar in fûgeltsje, tocht de snoek, der kaam him neat fan ûnpas. Hy skeat der op ta, mar doe hie de swel krekt it drinken dien. Hy draaide him om en woe fuortfleane. Underwilens komt de snoekebek boppe, docht in hap en kriget him noch krekt by de sturt. De swel docht in hoart en de snoek drukt de tosken noch stiver opelkoar. En dêr byt er de swel it middelste stik út 'e sturt. De swel is it sadwaande untkommen. mar hy hat der in sturt mei sa'n eigenaardige foarm fan oerhâlden.

Beschrijving

Een snoek probeerde eens een zwaluw te vangen, en heeft daarbij een stuk uit zijn staart gebeten. Daarom heeft de zwaluwstaart een inkeping.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 239.

Commentaar

22 juni 1978

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20