Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE231 - Hoe 't de miggen en de brimzen der komme binne

Een sage (boek), maandag 16 januari 1978

Hoofdtekst

Hoe't de miggen en de brimzen der komme binne
Tûzenen jierren lyn wie der in ploech boulju, dy soenen in stins bouwe. Dat wie in hiel kerwei, ek al mei't se doe de ynstruminten fan no noch net ta har foldwaan hienen om it swiere materiaal te fersetten. Alles wie hânwurk en dan foel it net ta mei dy ûnbidich grutte stiennen dy't se dêr ta dy stins brûkten.
Se wienen al aardich opsketten, mar se hienen der it aldermeaste nocht net oan— de fertsjinst hâlde ek net oer. As de baas sels op it kerwei wie, dienen se wakker har bêst, mar dy seagen se soms yn gjin tiden en dan lieten se it mar wat op 'e rongen slypje. Se wisten wol, dat de baas har doch net dien jaan koe, want dan stie it wurk hielendal stil.
Op in dei yn midsimmer wie it gleonhjit. Se seinen: 'Dit komt der hjoed op oan, mar wy wrotte ús net oer de kop'. Dat de middeis, doe't de sinne op it alderheechst stie, seinen se: 'Wy hâlde op, hear! It is sa gjin wurk, it swit rint ús by alles del'. Earst gongen se der by sitten yn 't skaad, en njonkenlytsen gongen se der by lizzen en se lieten it wurk it wurk.
Mar doe hie de baas—dat de feinten net wisten—in ferbûn sluten mei de duvel. Hy hie tsjin him sein: 'Ik kin neat mei dat folk wurde, mar jo kinne alles. Dat as jo my in hantsje helpe, dan doch ik jo ek wol wer ris in deugd'. 'Dat is goed', sei de duvel,'ik sil dy mannen wol efteroan'.
Dat justjes letter stie de duvel dêr om in hoekje te koekeloeren, in swarte gedaante. De boulju seagen him net en leinen dêr sa'n bytsje te slomjen. De helte sliepte, de helte wie sa'n bytsje wekker. En dêr ûnferwachts hearden se in stim: 'Wat is dit hjir?!' Se skrillen op en seagen dêr dy gedaante stean. Dreame wy? Dreame wy? fregen se harsels ôf.
Wer hearden se dy stim: 'Kenne jimme my? Ik bin de duvel!' Se wienen net sa gau ferfeard, mar no waarden se al wat oars yn 't liif. 'Ik bin altyd warber', sei de duvel, 'en jim dogge gjin slach. Dat sil oars!'
Doe wie der ien fan dy boulju, in domdrystenien, dy sei: 'Ik sil wol mei de duvel rêde', en hy toarke mei in grou stik hout op him. Mar it wie krekt mis. De duvel seach wol, wa't it dien hie en hy waard alhiel fergrimmend. Hy sei: 'Ik jou jim fiif minuten de tiid, dan moat dat muorke in jellen heger wêze as it no is. Dan kom ik hjir wer, en der wankt wat foar jim, as jim dat net rêde!' En de swarte gedaante joech him ôf.
De measte boulju hienen it der net op stean, mar dy iene dy't dat stik hout smiten hie sei: 'Ik sil wol mei dy duvel ôfweve. Ik ha noch noait fan myn libben bang west en dat bin 'k no ek net. Wat soe sa'n mantsje op 't lêst. Ja, der sit fansels wat efter, de baas moat mei him akkoarte hawwe of sa, mar dêr jou ik neat om. Hy hat it sa drok, seiter, dyduvel, mar hoe soe er hjir dan om 'e fiif minuten komme te fleanen. As er al komt, sil ik him wol te reden stean'. No, in pear wienen wat skrutel, ien sjoude wat lui in stien fan 't iene plak nei 't oare, in pear skepten sa'n bytsje yn 'e speesje om, sûnder dat se der nocht oan hienen, mar de helte bleau lizzen.
Lykwols, mei fiif minuten dêr kaam dy swarte gedaante wer oan, se seagen him wol. De man dy't it hout nei him smiten hie sprong fuort op him ta. Hy sei: 'Wat sille jo hjir! Wa hat jo frij jûn om hjir te kommen?' De duvel sei gjin sprek, mar hy hie beide hannen fol sân en dat smiet er de loft yn sa heech as er it krije koe. En doe gong er fuort.
In telmannich letter, dy boulju leinen dêr noch of se sieten heal oerein. Ien wie sa'n bytsje oan 't wurk en dy sei: 'Wat stekt my dêr yn 'e hannen?! En sjoch ris, wat fljocht dêr allegear?'
Ja, dat wienen miggen en brimzen, mar dy hienen de mannen noch noait sjoen. Dy hienen der tefoaren net west. En njonkenlytsen, it dwarrele en it fleach allegear. Se kamen der by bosken, by swaarms oan en se setten har op dy boulju har hannen, it wie allegear fan dat reau. En hoe't se sloegen en bûtsten, it joech allegear neat, se ferjagen se net.
Efkes letter, dêr kaam de duvel ek wer foar't ljocht. Hy sei: 'Jim wisten net wat dingen as dat wienen, h'n! No, dat binne de miggen en brimzen. Dy haw ik sa krekt skepen. Hearre woenen jim net, no moatte jim it mar fiele. Mei stekken sille se jim ta de oarder roppe, as jim it wurk dat jim oplein is net dogge'.
En sûnt dy oere, as immen de tiid ferloaiket, dan krijt er it mei de miggen en de brimzen te stellen. It binne skepsels fan 'e duvel en wy reitsje se noait wer kwyt.

Beschrijving

Lang geleden waren bouwvakkers bezig een huis te bouwen. Op een dag is het zo heet, dat de bouwvakkers het werk erbij neerleggen om uit te rusten. Maar hun baas heeft een verbond met de duivel gesloten, omdat de bouw hem niet snel genoeg gaat. De duivel komt de luie bouwvakkers aanmanen. Eén van hen gooit een stuk hout naar de duivel. Deze dreigt hem te zullen straffen, als hij niet in vijf minuten een muurtje een el hoger heeft gemaakt. De bouwvakker trekt zich er niets van aan. Als de duivel terugkomt, gooit hij twee handen vol zand de lucht in Even later worden de mannen aangevallen door een grote zwerm vliegen en horzels, die de duivel zojuist heeft geschapen. Sindsdien vallen deze insecten altijd mensen lastig die hun tijd verdoen.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 240.

Commentaar

16 jan. 1978

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20