Hoofdtekst
De wite en de reade roas
In reade en in wite roas stienen har bêst te bloeien yn in parkje. De minsken kamen der lâns en rôpen: 'Och, wat prachtich!' Se rukten der oan en snúfden de hearlike rook op. Doe sei de reade roas tsjin 'e wite: 'Sjochst wol, se komme allegear om my, want ik bin folle moaier as do'. 'Dat tochtst mar', antwurde de wite, 'ik bin it moaist, want wyt is rein en read is bloed. En ik rûk ek folle lekkerder as do'. 'Dat soest wol wolle', sei de reade wer,'as dat sa wie, dan kamen der net safolle mear minsken by my as by dy'.
Sa bekfochten se dêr, dy wite en dy reade roas. Mar doe kaam der ynienen in ingel en dy sweefde troch it park en hearde de twa roazen tsieren. Hy spriek har oan. 'God hat jim allebeide makke', sei er, 'jim meie net kibje, want jim ha allebeide gelyk'. Doe skamme de reade roas him sa, dat hy waard der wyt fan. En de wite roas sette in kleur, dat dy waard read.

Beschrijving
Een rode en een witte roos maken ruzie over wie de mooiste is en het lekkerste ruikt. Een engel zegt dat ze geen ruzie mogen maken, want God heeft hen allebei geschapen. Dan wordt de rode roos wit van schaamte, en de witte bloost zodat hij rood wordt.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 243.
Commentaar
28 maart 1978
Naam Overig in Tekst
God   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20