Hoofdtekst
It boatsje
Der wie hjir yn Feanwâlden ris in boer, dy hie syn sûkerei levere oan ien yn 'e Falom. Op in jûn stiek er der geandefoet hinne om syn jild te barren. It siet dêr gesellich en hy liet him benachtsje. Dat it wie al tsjuster, doe't er op hûs yn sette. Hielendal noflik fielde er him net, hy hie de hiele som dy't er bard hie yn 'e bûse en dan allinne op dy ienlike Boppewei. Men wist soms net, hoe't it koe.
Hy wie hast oan 'e Skilige Piip ta, doe wie it krekt as hearde er yn 'e fierte wat oankommen. O deksel! tocht er, hja ha 't miskien op myn sinten begrepen. En doe lei dêr foar op 'e Godloaze Singel in omkeard boatsje op 'e wâl. Dat is miskien wol wat, ornearre er, en hy kroep ûnder dat boatsje.
Hy wie der noch mar krekt ûnder, ja, der kamen in pear mannen oanstappen en dy kamen op it boatsje ta. Dêr gongen se op sitten en hy lei der ûnder. Mar hy hâlde him koest en hja hienen gjin erch yn him.
En doe hearde er se wol praten. 'Ja, wy kinne him net misrinne, want jûns is er dit út gongen nei de Falom en no moat er hjir aanstons wer lâns komme. Hy hat safolle sûkerei levere, dat hy hat in moai-mennich sinten by him'. No, dat koenen hja dan skoan brûke.
Doe sei ien fan har: 'Hoe sille wy der mei oan?'
'Ja, hy moat fansels net sjen, dat wy it binne'.
'Nee, mar it is tsjuster, hy kin noait ûnderskiede, wa't wy binne'.
'Of oars, as wy him fan kant meitsje, dan fertelt er it ek net nei. Of sille wy dat net dwaan?'
'Fan kant meitsje is it slimste al. As 't in bytsje kin moat dat net. Stellen is noch ta dêroanta, mar in moard komt te bot oan. As it in bytsje kin. moatte wy him yn 't hbben litte. Mar ja, men kin noait witte, hoe't it útpakt. It is in sterken keardel en wy binne tegearre'.
Sa hâlden se dêr gâns in redenaasje en de man ûnder it boatsje hearde it hiele ferhaal. Hy bleau mar stil sitten, al hoe krap as er it soms hie. Hy koe ek net fuortkomme. Mei in skoftsje seinen de twa mannen: 'Hu, it wurdt ek huverich — lit ús him mar fierder temjitte gean. Hja joegen har ôf, dat út nei de Falom, en doe makke de boer, dat er ûnder it boatsje wei en yn Feanwâlden kaam. Hy hie wol in fermoeden, wa't it west hienen. mar hy wie der net wis fan en hat der dêrom fierder ek gjin wurk fan makke.

Onderwerp
VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   
Beschrijving
Een boer loopt 's nachts naar huis met veel geld op zak. Als hij iemand aan hoort komen, verstopt hij zich onder een omgekeerd bootje, omdat hij bang is beroofd te zullen worden. Er komen een paar mannen aan, die op het bootje gaan zitten. Ze zien niet dat de boer eronder zit. De boer hoort hen plannen maken om hem te beroven, en misschien zelfs te vermoorden. Uiteindelijk gaan de mannen weg, omdat ze het koud hebben, en de boer kan zijn weg vervolgen.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.257
Commentaar
14 april 1972
De man onder de omgekeerde boot
Naam Overig in Tekst
Falom   
Skilige Piip   
Naam Locatie in Tekst
Feanwâlden   
Boppewei   
Godloaze Singel   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20