Hoofdtekst
Oflizze
Fetse Koopmans dat wie in keallefeaner en in sûchsnijer, sa t se dan sizze. Hy kaam fan Akkrum. De man wie net troud en wenne by syn mem yn. Hy wie in bult fan hûs, syn krite wie grut en it gong doe noch rinnendewei. Gauris wie er by nacht en ûntiid op in paad, as er hjir of dêr in keal feanje moast.
Op in jûntiid hienen se him roppen op 'e Sweach. Hy kaam, die syn wurk, barde syn jild en stiek wer op hûs yn. It wie ûndertusken neare nacht wurden en it paad rûn troch de Sweachster bosken. En doe kaam dêr ynienen in keardel út 'e bosk, dy hie op him loerd, want it wie bekend, dat er altyd wol jild by him droech. 'Oflizze!' kommandearre de keardel. Mar dat rûn by him net sa hurd, en doe kaam der noch ien út 'e bosk en dy hiet him ek: 'Oflizze! En oars dan meitsje wy dy hjir kâld!'
No, Fetse sei: 'Dat kin wol'. Dat hy smiet syn pong mei jild oer de grûn. En hy hie in grouwe gongelstôk yn 'e hân, hat heit ús wol gauris ferteld. De iene oanpakker bûgde him om de pong op te krijen, mar doe sloech Fetse him sa bot mei de stôk op 'e kop, dat hy siigde der hinne en hy bleau lizzen dêr't er lei. Doe soe dy oare útnaaie, mar Fetse boldere: 'Stean bliuwe! En oars sjit ik dy dea!' Dat lêste wie bluf, want hy hie gjin sjitterij by him. Mar de man wie sa ferbjustere, dat hy doarst him net ferroere.
Doe sei Fetse: 'No silsto my nei hûs bringe. En hyltyd foar my lâns gean. En dit silst drage'. Hy treau him de tas mei ynstruminten yn'e hân. Fetse wie in sterke, gewearde keardel. En doe't de man seach, dat syn maat net oerein kaam, woe er wol yn goedens. Dat hy is dat hiele lange ein nei Akkrum foar him út boksele.
'Jonge, hast selskip!' sei syn mem, doe't se thúskamen, 'wat bin ik dêr bliid om!' 'Ja', sei er, 'smar dy man mar gau in broadsje en skink him in kop kofje'. Mar dat broadsje koe de man der net troch krije; dêr moat er wit hoe lang oer dien hawwe.
Doe soe er dan opstappe, mar Fetse sei: 'No moatst my earst belove, datst my noait wer ophâlde silste, want oars bist hjir noch net wei!' No, dat woe er graach dwaan, mar doe't it âld minske foar't ferstân krige, wat man as se foar hie, foel se fan harsels.

Beschrijving
Fetse Koopmans was opgeroepen voor een klus in het Sweach. Toen hij klaar was kreeg hij uitbetaald en moest door het bos terug naar huis. In het bos werd hij overvallen door twee mannen. Hij liet zijn geld op de grond vallen, maar sloeg toen met zijn wandelstok de ene overvaller neer. De andere werd toen zo bang dat hij op bevel van Fetse voor hem uit liep naar zijn huis. Daar smeerde zijn moeder een botrham voor de overvaller. Toen mocht hij van Fetse weer weg als hij zou beloven dat hij hem nooit meer zou overvallen. Dit wilde de man graag maar toen de moeder van Fetse doorhad wie de man was viel ze flauw.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn[etc.] 1979, blz.258
Commentaar
18 oktober 1978
Vergelijk onder andere met: De held en de draek, nr.147.
Naam Overig in Tekst
Fetse Koopmans   
Sweach   
Naam Locatie in Tekst
Akkrum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20