Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE250 - De kening syn túntsje

Een sprookje (boek), dinsdag 19 december 1978

Hoofdtekst

De kening syn túntsje
Der wie ris in kening, dy ferfeelde him altyd sa slim. Hy hie noch ien dochter en dy woe er wol útjaan oan ien, mar dan moast dy him in túntsje foar de doar meitsje dat him noait ferfeelde. Want syn paleis ferfeelde him bot, en de paleistún ferfeelde him ta stobbe ta.
En doe wie 't dan safier, dat hy makke dat bekend. De keamer dêr't er plichte te sitten sieten trije finsters yn dy't op 'e tún útseagen. Om elk fan dy finsters hie er in gouden list sette litten. Wa't gading oan 'e prinses makke moast foar ien fan dy finsters in túntsje meitsje, sa moai plante, dat it de kening noait ferfeelde. It moast by wize fan sprekken in skilderij wêze.
It duorre mar even en dêr kaam al in jonker oan op in prachtich moai hynder en dy hie in pear plantsjes by him. Doe sei de kening, hy moast se foar it earste glês sette, en as it sa waarde dat hy, de kening, him dêr net oan ferfeelde, dan krige hy syn dochter. No, de jonker teach dêr oan 't wurk en hy sette de plantsjes. It waard prachtich, prachtich. Der kamen blommen oan, sa grut as in hoed. De kening siet iderkearen mar foar 't glês te sjen, en earst fûn er se alderprachtichst. Mar doe't er dat in wike lang dien hie, ferfeelde it him en de jonker krige syn dochter net.
Doe waard it wer bekend makke, en it duorre mar even, dêr kaam de twadde; dat wie ek in jonker. Hy ried op al sa'n moai hynder en hy hie in beamke by him. 'No', sei de kening, 'do moatst foar it twadde glês en do moatst dyn bêst mar dwaan'. Dy boude dat beamke foar it twadde glês; hy makke it dêr moai oan en dat beamke waard sa grut, hast oan 'e sinne ta. De kening fûn it in seldsume moaie beam, hy fûn it sa'n prachtige beam! In wike lang likernôch siet er foar dat glês te sjen, en doe gong it wer deselde kant út: it hinge him ta de hals út, iderkearen wer tsjin dyselde beam oan sjen. Dat hy sei tsjin 'e jonker: 'Do krijst har ek net'.
Doe wer waard it bekend makke, en it duorre mar even, dêr kaam de tredde. dat wie de soan fan in lyts komelkerke. Hy hie net lyk as de jonkers in moai rydhynderke, mar hy kaam op in ezeltsje. In stik of wat plantsjes hie er by him yn in sek. De kening lake al, want it like allegear sa suterich, mar hy sei doch: 'Do moatst foar it tredde glês en do dochst dyn bêst mar'. Dy jonge makke dêr in moaie tún en hy boude dêryn—wy sizze 'matsjes', dat is njirrekrûd of oare rintfear. En moai mos boude hy der yn. Doe wie dat klear en de kening seach der nei, en dat ferfeelde him noait! Want as er dat mos fan tichteby beseach, stie hy der fersteld fan. Dat hy sei: 'Do hast it wûn, do krigest myn dochter!'

Beschrijving

Er was eens een koning die zich altijd heel snel verveelde. Hij wilde zijn dochter alleen maar uithuwelijken aan een man die een tuin kon maken die hem nooit zou vervelen. De eerste man plantte prachtige bloemen, maar de koning verveelde zich uiteindelijk toch. De tweede man plantte een mooie grote boom, maar de koning verveelde zich weer. De derde man plantte varens en mos en hij mocht de dochter van de koning trouwen, want hiermee verveelde de koning zich nooit.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.260

Commentaar

19 december 1978

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20