Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE255 - Sit op dy't mei wol

Een sprookje (boek), zaterdag 02 oktober 1971

Hoofdtekst

Sit op dy't mei wol
Der wie ris in feint, dy tsjinne by in boer en dêr hie er in goed plak. Mar de boer boude foar himsels allerhanne soarten beanen, Iyk as reade en grize dowebeantsjes en guon dy't wat mear mâns binne, dy neame se twivelders. De boer mocht graach beanen. Hy sei gauris: 'Wy treffe it wer — wy ite hjoed beanen'. Dan wie 't foar de feint al glêd bedoarn; beanen is poerbêst iten en se krigen der ek goed fet by, mar hy mocht se net.
Doe op in kear dat der wer beanen op 'e tafel stienen, stiek de feint syn leppel omkeard, de bolle kant boppe, yn 'e panne en sei: 'Sit op dy't mei wol!' Der bleau fansels gjin bean op sitten. De boer wie lilk, mar hy hâlde him stil, want it wie oars in goede feint.
Dy feint troude by de boer wei; hy waard arbeider en krige in keppel bern. It wie earmoed. Op in kear by 't winter hienen se gjin iten mear, en hy moast der op út te skoaien. Sa kaam er bv syn âlde boer. Hy tocht oan 'e beanen dy't er foarhinne net mochte, mar dy't er no dûbeldgraach ha woe. Hy frege de boer om in miel iten foar syn húshâlding. 'Jawol', sei de boer, 'kom mar mei!'
Hy gong mei him nei de telle. Dêr lei in heap beanen dy't krekt terske wienen. De boer krige de grutte ierappelskeppe en raamde him omkeard yn 'e beanen. 'Sit op dy't mei wol!' sei er. De beanen rollen der allegear ôf. De feint begûn te gûlen. Doe sei de boer: 'No sille wy it ris oarsom besykje. Ik sjoch wol, it is dy noch net fergetten, datst se doe net ite woeste. Hâld de sek mar op'. Diskear skepte de boer mei de holle kant boppe en syn eardere feint krige in moai soad beanen mei nei hûs ta en hy mocht wol wer ris oanklopje as se thús neat mear te iten en te biten hienen.

Onderwerp

AT 1572F* - Turning the Shovel Backwards    AT 1572F* - Turning the Shovel Backwards   

ATU 1572F* - Turning the Shovel Backwards.    ATU 1572F* - Turning the Shovel Backwards.   

Beschrijving

Een boerenknecht krijgt van zijn baas altijd bonen te eten, terwijl hij ze niet lust. Op een dag steekt hij zijn lepel met de bolle kant naar boven in de pan, en zegt: "Wie mee wil, ga maar zitten!" Alle bonen glijden van de lepel af. De boer, die erg van bonen houdt, is beledigd maar zegt niets.
Later, als de knecht getrouwd is en niet meer in dienst van de boer, heeft hij het niet zo breed. Hij komt bij zijn vroegere werkgever bedelen om eten voor zijn familie. De boer heeft een grote berg bonen in de schuur liggen. Hij pakt een schep, steekt hem omgekeerd in de bonenberg, en zegt: "Wie mee wil, ga maar zitten!" De knecht begint te huilen. Uiteindelijk krijgt hij van de boer toch een zak bonen mee naar huis.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 267.

Commentaar

2 okt. 1971
Turning the Shovel Backwards

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20