Hoofdtekst
Trije frijers oan 't pankoekbakken
Der wie ris in boer, dy hie oars gjin bern as ien dochter. It wie in kreas fanke en der siet modder oan 'e kloet, dat doe't se de jierren hie dat se oan 'e man koe, doe wie der wol flecht op 'e koai. Se wienen der hast mei oan, safolle feinten kamen der op ta setten. Fansels, se koe se net allegearre oanhâlde, mar op 't lêst wienen der dan doch trije, dat like der wol op. En dy woenen alle trije tagelyk komme en ferkearing mei har ha. Foar in aardichheidsje gong dat miskien noch efkes, mar dan moast it hurd ophâlde, se koe mar ien nimme.
De dochter wie ferlegen mei 't spul; doe sei de heit: 'Witst wat? Wy litte se in sneintejûn alle trije tagelyk komme en dan sette wy se oan 't pankoekbakken. En wa fan 'e trije it nei ús sin it bêste docht, dy moatst nimme. Freegje har dat mar'. It fanke die it. Doe tochten dy feinten, dit wurdt him! Dat it gong oan, se akkoarten.
Op 'e ôfsprutsen sneintejûn doe tochte de earste, ik sil hjir in goed figuer slaan en ik wol net ha, dat dy oaren my foarbykomme. Hy oan 't stro-kjen. Hy hie de iene kant fan 'e pankoek gear en doe moast dy omkeard wurde. Dat wie, de panne goed omheech, en waps! It gong hast oan 'e souder ta, mar hy heinde de pankoek kreas wer op yn 'e koekpanne. Hy bakte de oare helte ôf, en hy tochte, hjir komt net in mins foarby.
Mar doe nûmer twa. Dy frege himsels ôf, ja, wat moat ik no? Hawar, ik sil it doch noch wat better figuere, witt' je! Se hienen doe fan dy grutte, wide skoarstiens, boazems seinen se dan. Oh, dêr wie romte yn. Hy tochte, ik wip him omheech en troch de skoarstien hinne. De bakte kant waard goed losmakke, dat wie mei in hoart de pankoekspanne omheech en dêr gong de pankoek troch de skoarstien. Mei de koekpanne yn 'e hân fleach er as in gek bûtendoar en dêr koe er noch krekt de pankoek heine. Dus, dat wie ek slagge.
Doe kaam de trêdde oan bar. No wit ik it net, tocht er, hoe sil ik hjir noch boppe-út komme? Ik leau, ik moat mar sa behyndich mooglik. Bliuw mar ienfâldich. Dat hy begûn behyndich. De oalje yn 'e panne, gjin drip tefolle. En de pankoek, de rântsjes hâlde er moai los, sa't se dat dan dogge mei it pankoeksmes. En doe't it tiid wie, tearde er him netsjes om, hielendal net oerdwealsk. Nee, netsjes, kreas, sa behyndich as it mar koe. En de pankoek wie krekt sa't it hearde, de rântsjes blank brun.
Doe sei de heit fan dy faam: 'Fanke, doch no myn sin. Ik ha se alle trije sjoen. Dy earste dy is frijwat proastich. Nûmer twa wie fiersten- en fierstente bluisterich; dy liet alles troch de skoarstien gean. Dat kin noait goed komme. Do moatst de trêde nimme. Ienfâld, dêr moatst it fan ha. Do silst sjen, dan hast de goede'.
Dat dy trêde dy krige de priis.

Onderwerp
VDK 0864   
Beschrijving
Drie mannen dingen om de hand van een boerendochter, maar ze kan niet kiezen. Daarom wordt er een wedstrijd georganiseerd: Degene die het beste kan pannekoekbakken mag haar hebben.
De eerste gooit de pannekoek hoog in de lucht, en vangt hem dan weer netjes op in de pan. De tweede wil de eerste natuurlijk overtreffen. Hij gooit de pannekoek door de schoorsteen heen omhoog, rent naar buiten met zijn pan, en vangt daar de pannekoek weer op.
De derde houdt het eenvoudig. Hij bakt een mooie pannekoek, zonder er een show van te willen maken. Hij mag uiteindelijk met het meisje trouwen.

Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.275-276
Commentaar
2 mei 1973
Pannekoekbakken als vrijerstest
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20