Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE264 - De faam en de trije frijers

Een sprookje (boek), maandag 26 juni 1972

Hoofdtekst

De faam en de trije frijers
Der wienen minsken, dy hienen in dochter. En dêr kamen in stik-trije feinten om. Se kofjedronken wat, en doe alle trije in segaar smoke.
De earste soe de segaar oanstekke, mar hy brocht de baarnende lúsjefer te rimpen by de segaar, dat it flamke gong ut. Hy smiet it prikje hinne en striek de twadde lúsjefer oan. Dy drukte er tsjin 'e punt fan 'e segaar oan, en út wie it flamke. Hy smiet him wer hinne. De trêde lúsjefer. Dat mislearre ek. En sa fergriemde er in hiel boskje lúsjefers.
En doe de twadde. Dy wie in bytsje foarsichtiger, mar it koste doch in stikmannich lúsjefers.
Mar de trêde, dy striek in lúsjefer oan, en dêr gie er goed sunich mei om, dat dy koe mei ien ta om de segaar yn 'e brân te krijen.
'Wa moatst no ha?' frege de heit.
'No, de lêste'. Dat wie de sunichste.

Onderwerp

VDK 0864    VDK 0864   

Beschrijving

Drie vrijers dingen om de hand van een meisje. Ze komen op de koffie bij haar ouders, en krijgen een sigaar. De derde vrijer is de enige die zijn sigaar in één keer aan kan steken, zonder eerst een paar lucifers te verspillen. Het meisje kiest voor hem, omdat hij de zuinigste is.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 27

Commentaar

26 juni 1972
Pannekoekbakken als Vrijerstest

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20