Hoofdtekst
It jildkistke
Der kaam ris in man by my yn 'e bakkerij, dy hjitte Ane. Hy wie noch al wat âlder as ik. Dy man hâlde der tige fan om ferhalen te fertellen, en dy klaaide er dan sa yn, dat it krekt hearde, as wienen se wier bard.
'Jonge, Theunis', begûn er, 'ik kaam ris by in man en dy frege my om rie'.
'Wat rie moasten jo dan jaan?'
'Ik bin der mei oan, Ane! sei dy man. Ik frege: Wêr binne jo mei oan? No, hy sei, do witste wol, myn frou is in jiermennich ferliden stoarn, en doe seinen de bern tsjin my: Heit, jo moatte jo jild mar oan ús jaan, dan kin heit by elk fan uzen in fearnsjier wêze.
Dat haw ik dien. En ynearsten wie alles poerbêst. Mar nei ferrin fan in pear jier waard dat minder. Earst hellen se my op, as ik komme moast, en no is 't safier, no bringe se my soms al fuort, ear't it fearnsjier om is. Kinsto my ek rie jaan, Ane?
Ik sei: Dat tink ik wol. Jo moatte hinnegean en keapje in jildkistke. Doch dat mar fol âlde spikers en goai de kaai safier fuort as jo him krije kinne.
No, wat moat dat? woe de man witte.
Ik sei: Dan freegje de bern: Wat hat heit yn dat kistke? Dan sizze jo: Tja, heit hie noch in stuorke oerhâlden, sjoch! En no hie ik sa tocht: by wa't ik aansen bin, as ik wei kom te reitsjen, foar dy is dit kistke.
Ei, jonge, Theunis, letter ha ik dy man wer troffen. Hoe giet it der mei? frege ik.
Poer- ende poerbêst, Ane! sei er. Se helje my wer op. Der is noch gjin fearnsjier om, dan seit de oare al: Heit moat wer by ús komme! En no sil 't my al ris nij dwaan fansels, hoe't it komt as ik der net mear bin. Dan sil 't wol raar wize. as se dat kistke iepen brekke en se fine neat as rustige spikers. Mar hawar, dan bin 'k der net mear'.

Onderwerp
AT 0982 - Supposed Chest of Gold Induces Children to Care for Aged Father   
ATU 0982   
Beschrijving
Een oude weduwnaar wordt door zijn kinderen verwaarloosd. Ane adviseert hem een geldkist met oude spijkers te vullen. De kinderen denken dat hun een grote erfenis te wachten staat, en doen ineens hun uiterste best om het vader naar de zin te maken.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 277
Commentaar
17 januari 1975
Supposed Chest of Gold Induces Children to Care for Aged Father
Naam Overig in Tekst
Theunis   
Naam Locatie in Tekst
Ane   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20