Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE268 - De âld soldaat, de bear op sokken en de hottentot

Een sprookje (boek), donderdag 22 juni 1972

Hoofdtekst

De âld soldaat, de bear op sokken en de hottentot
Us heit fertelde foarhinne, moatte jo rekkenje, meast oan 'e lege tafel. Wy wienen in jier of tolve, doe't er dit fertelde.
Der wie in âld soldaat, dy wie deserteard en doe reizge er dêr by Oerterp om. Dêr socht er it heidefjild op, want dêr wannelen de minsken mar by útsondering troch, allinne op 'e lange jacht kamen dêr guon. Mar dy soldaat doarme dêr om en hy hie honger en toarst; fan alles dat er net krije koe hie er ferlet.
Doe seach er dêr yn 'e fierte ien foar him op stappen. Hy rôp al ris, mar dy oare hearde him net. Op 't lêst seach dy man ris om en doe hâldde er syn stap wat yn, en sa kamen sy bymekoar. Doe wie dat in hottentot. En dan fregen wy ús heit wol ris: 'In hottentot, wat is dat no?''Ja', sei ús heit, 'dat is in man, dy hat boppe oan 'e kont in lange sturt mei in kwast'. Och hearen, wy tochten, dat it sa wie.
No, hja stapten tegearre wer wat fierder. De âld soldaat hie no in kameraat. En dêr seagen se yn 'e fierte wer wat; op in âlde, lange sânreed wie ien, midden yn 't heidefjild, en dy kaam der op 't lêst ek by. It wie in bear op sokken. Dat wie net in dier. Se joegen dy man samar in namme, omdat it in ferteltsje wie. It sil wat in rûchachtige keardel west ha.
No, mei har trijen op stap. Foarhinne hie men dêr midden yn 't fjild wol ris in hûske fan hâldoan, sei heit, dêr't de jagers sa simmerdei kamen. Dat wie in herberchje.
Net ien fan trijen hie in heale sint, mar hja gyngen der doch yn. Elk in pear buorreltsjes en dan woenen se ek noch graach in prúmke tabak ha.
'No', sei de kastlein, 'hjir ha jim elk ek noch in hantsjefol tabak. Mar even betelje'.
'Wy ha net in healen'.
'Wat dogge jim hjir dan yn 't kafé!' sei er.
'No, wy ha net in healen en wy woenen graach in buorreltsje, mar wy betelje it jo letter wol'.
It wie al skimerjûn en dêr dwaulUen se wer hinne, it heidefjild mar wer yn En út 'e fierte seagen se in Ijochtsje en dat Ijochtsje dêr gyngen se op yn. Mar it is altyd sisa: as jo út 'e fierte wat sjogge, foaral as it in Ijochtsje is, dan miene jo, dat it nei by is, mar it wie hiel fier ôf. Mar hja kamen der op 't lêst. Hja kloppen. Gjin gehoar. Noch ris wer. 'Ja! Wa binn' dêr? Is der ien?'
'Ja frou, jo moatte der even út komme, want wy binne trije reizgjende jonges, en wy ha gjin ûnderdak. Wy moatte even ûnderdak by jim ha fannacht'.
'No, kom der mar yn'.
Hja der yn. 'Jim sille ek wol honger ha'.
'Och hearen, wy ha sa'n honger en toarst. Wy ha ferlet fan alles'.
No, it wiif makke gau wat drinken klear en wat iten hienen dy Iju ek noch yn 'e hûs. De trije mannen wienen ferklûme. It wie in hûske, sei heit dan, dat wie sawat in meter boppe de grûn, en dan fierders in hoale yn 'e grûn. Mar it wie der smout.
'En no moatst ris sjen', sei dat âld wiif tsjin har man, 'dy stumpers! No falle se al yn 'e sliep. Och, wat is 't wat. Wy sille se gau in foech bedsje klearmeitsje oer de grûn — wat jassen, wat âlde fodden, en in âld tekken'. En dêr slepten se samar as in roas.
De oare moarnes doe makke it âld wiif wer wat kofje en de âld man kaam der ek ôf. 'Wy sille de jonges mar even klopje'. 'Ja'.
De âld man soe de doar opdwaan, mar doe hie it de nachts sa snijd, dat se koenen der net út. 'Mar gelokkich', seinen se, 'dat de jonges der binne. Dan kinne se ús noch in bytsje helpe om de snie dêr foar de doar wei te avensearen'. It spande der om, mar se retten it.
Doe sei de âld soldaat: 'Ik sjoch wol, jo ha ek gewearen hjirre'. 'Ja, dy moat ik hjir wol ha'. 'Sit hjir dan wyld?' 'In prutte'. 'In prutte? No, meie wy dan hjoed wol te jeien?''Jawis wol', sei de âld man.
De bear op sokken en de âld soldaat gongen tegearre fuort. En hja kamen mar noait wer. En it âld wiif mar útsjen, de hân boppe de eagen; sa dienen de âlde froulju foarhinne, sei heit. Nee, noch neat te sjen. Op 't lêst, út 'e fierte dêr kamen se oan. Eftermekoar, elk in ein fan in lange peal oer 't skouder, en dêr hongen in prutte hazzen en kninen oan, en ek noch in hert. 'Och, och, och', sei 't âld minske, 'no moatte jimme hjir ris sjen!' It hert gau slachtsje, en de jûnes oan 't hertefleis.
Doe binne se dêr de hiele winter bleaun, by de âlde minsken. 'Jim binne krekt as myn eigen bern', sei se. En de hottentot dy stoar de winters en de âld soldaat en de bear op sokken dy bleanwen der. Mar doe yn dy tiid — want ik hie fergetten om dat te sizzen — doe fangden se sa'n prutte, en de âlde minsken hienen ek in kedsje en in karre. 'Wy geane der mei nei it doarp ta', seinen se, 'hoe fier is dat hjir ôf?' 'Dêr is wol in poelier', sei de man. No, in pear oeren gean. Fierder wie 't midden yn 't heidefjild.
Hja dêrhinne en hja namen dy hazzen en kninen mei en dy ferkochten se dêr goed. It âld wiif namen hja in nije skelk mei en de âld man wat tabak. Hja gyngen ûnderweis ek by de kastlein oan. 'Wy soenen jo even betelje'. 'Dat falt my ta', sei de kastlein. 'En wy moatte ek in mingel jenever mei ha, sa en sa'. Dat wie ek foar de âld man, want hy mocht wol in buorreltsje, sei er. No, se kamen thús. Och, och, och — it âld minske wie sa bliid, dat dy jonges der wer wienen.
Mar de maitiids, doe't de hottentot dea wie, doe sei it âld wiif: 'Mar it is ek net goed, dat jim altyd by ús bliuwe. Sjoch, hiel yn 'e ferte sjogge jim in pleats'. Hja koenen him mei it blente each hast net beëagje. Hja ha dêr ek noch in pear froulju yn 'e hûs, dêr moatte jim mar ris op yn'.
Hja op in dei it kedsje en de karre en der hinne. 'En om no mar koart te gean', sei heit dan, 'hja binne troud. Hja ha elk ien fan dy froulju krige en it is har dêr bêst gien'. Dy grutte boerespullen fan 'e Sminia's steane dêr noch midden yn 't fjild, mar ik ha der sint myn jonge jierren noait wer west.

Beschrijving

Een gedeserteerde soldaat, een hottentot en een man die op een beer lijkt brengen de winter door bij een oud echtpaar, dat in een huisje op de hei woont. De hottentot gaat dood. De andere twee schieten een heleboel wild, dat ze verkopen aan de poelier. Zo kunnen ze hun rekening bij de kastelein afbetalen, en spullen kopen voor het echtpaar. In het voorjaar vertrekken de twee mannen naar een plaats in de buurt, waar ze allebei een vrouw vinden en trouwen.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 279

Commentaar

22 juni 1972

Naam Overig in Tekst

Sminia    Sminia   

Naam Locatie in Tekst

Oerterp    Oerterp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20