Hoofdtekst
Smaaklik
Yn 'e oarloch moat der yn Dútslân in slachterij west ha, dêr hienen se soms noch goed fleis, en net iens mâle djoer, wylst der oars al lang neat mear by de slachters te krijen wie as bonken en fellen en bellen. Dat kaam sa: foar de toanbank siet in lûk yn 'e flier, en dat wie sa gewoanwei net te sjen. Mar as der no in moai swier frommis yn kaam, en der wie oars tafallich gjin klant yn 'e winkel, dan drukten se op in knopke en dy frou siigde ynienen troch dat lûk. It lûk klapte fansels wer ticht. En dan slachten se sa'n minske en it fleis ferkochten se. It fel hienen se ek in ôfnimmer foar en dat waard brûkt om lampekappen te meitsjen.
It moat strûpend wier wêze.

Beschrijving
In de oorlog was er in Duitsland een slagerij waar ze nog goed vlees verkochten, terwijl er verder niks meer te krijgen was. Ze hadden daar voor de toonbank een luik en als er dan een vrouw binnenkwam terwijl er verder niemand was, dan ging het luik open en verdween de vrouw. De vrouw werd dan geslacht. Het vlees werd verkocht en het vel werd gebruikt om lampekapjes van te maken.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.286
Commentaar
19 december 1978
Samen verteld met Piter.
Naam Locatie in Tekst
Duitsland   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20