Hoofdtekst
Guoskes
Yn Gaasterlân, tusken Aldemardum en it Murnzer klif, dêr wenne poer op 'e romte in heit mei in soan. Mei oare minsken hienen se amper gedoente. De man hie spul mei syn frou hân en dy wie by him wei rûn. Hy wie fergrimme op alles wat frou wie en hie him fêst foarnommen om de jonge sa grut te bringen, dat er noait mei froulju yn oanreitsjen kaam. Sadwaande wie de soan al in jongfeint fan in jier of achttjin, njoggentjin, doe wist er noch net iens, dat der twadderlei soarte minsken bestienen. Hy hie noch noait in frommis sjoen.
Mar doe op in kear sei de heit: 'Wy moatte mar ris nei de stêd—nei Snits. Ik ha wat saken te regeljen en wy binne allebeide oan nij kleanspul ta'.
Tegearre rekken se op in paad nei Snits. Geandefoet. En doe troffen se ûnderweis—ik wit net oft it te Wâldsein wie of earne oars—in stel jonge fammen. It wie dêr krekt doarpsfeest of merke, sjoch. Ynienen frege de soan, en hy wiisde nei dy fammen: 'Wat binne dat foar beesten, heit?' De man sei: 'Dat binne guoskes, jonge. Guoskes'. Doe sei de jonge: 'Heit, mei 'k dan ek sa'n guoske?'

Onderwerp
AT 1678 - The Boy who had Never Seen a Woman   
ATU 1678 - The Boy who Had Never Seen a Woman.   
Beschrijving
Na het vertrek van zijn vrouw voedt een man zijn zoon zo op dat hij nooit in aanraking van een vrouw komt. Op 19 jarige leeftijd wist de zoon dus niet wat een vrouw was. Toen zij beiden op een dag naar de stad gingen kwamen zij een paar jonge vrouwen tegen. De zoon was verbaasd om van zijn vader te horen dat die vrouwen ganzen waren. Hij wilde best wel zo'n gans hebben.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.332
Commentaar
28 november 1974
The Boy who had Never Seen a Woman
Naam Overig in Tekst
Gaasterlân   
Wâldsein   
Naam Locatie in Tekst
Aldemardum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20