Hoofdtekst
Fan alles
Under in Iyts doarpke—wy sille de namme mar net neame—stie wat op 'e romte in pleats. Dêr wennen in pear jonge minsken op. It wienen golle, hertlike Ijuwe. Se stienen bêst oanskreaun en har âlden hienen ek al bêst oanskreaun stien. De boer hie in hûn, en dy hûn wie al sa'n bêst beest. Der wie feitlik gjin better te finen. Allinne hie er noch gjin namme. En omdat it dier alle eigenskippen besiet dy't in goeie hûn hawwe moat, en ek omdat se gjin oare namme betinke koenen, neamden se him 'Fan alles'. Dy boer en boerinne hienen in faam, en wrychtich, dat wie ek al in bêst fanke. En elkenien ornearre: 'Dat is in baas, dêr binne se moai mei holpen'. Dat mocht ek wol, want der kaam in Iytse poppe op 'e pleats en dat jout in hiele bult drokte. It wie in alderleafst bern en it moast ek wol in bêstenien wurde.
Dy poppe soe doopt wurde. En Iyk as brûkme wie, nei de doopplechtichheid waard der in doopfeest hâlden—alle famylje wie dy deis te tsjokiten noege. Dat út tsjerke wei soenen se mei elkoar nei de pleats ride. Dat begûn dan mei kofje en in slokje; dêrnei gongen de manlju even te buorkjen, efter de kowesturten lâns, en de froulju stiselen yn'e foarein om en benoasken it moai guod. Dêrom wie de boel de wyks tefoaren omraak neisjoen. De frou en de faam hienen it sa drok hân as fleanen, earst de boel skjin en op oarder en doe moast it itensspul foar de snein noch syn gerak ha. Al mei al waard it wat let de sneons. Mar se kamen der troch, op it sop nei. Se hienen de ein yn 'e bek, dat de frou sei tsjin 'e faam: 'Sis fanke, soesto dat sop moarnier net siede kinne, wylst wy nei tsjerke binne? Ik ha skjin myn nocht en wy moatte nedich op bêd'. 'Jawis wol', sei de faam, 'sit dêr mar net oer yn; dat sil moarnier wol klearkomme'. De boerinne sei noch: 'Tink der om, datst moarnier lekker sop siedste. Neat skromje. Fan alles moat der yn'.
Doe't se út tsjerke weromkamen, wie de boerinne har earste loop nei de koken, en sadree't se de holle om 'e hoeke fan'e doar stiek, frege se de faam: 'Hoe is't fanke. Woe't wat fan 'e moarn?''Ja frou', sei dy, 'ik leau, alles is klear. Mar dat sopsieden dêr ha 'k wol sa'n wurk mei hân! Want sjoch—hie 'k de poaten goed en wol yn 'e panne, dan kaam steefêst de kop omheech, en hie'k de kop der ûnder, dan stieken de poaten yn 'e hichte. Mar hy hat belies jûn!'
Men kin hast wol begripe, dat der dy deis gjin sop iten is, en de boer moast om in nije hiemdogge sjen.

Onderwerp
AT 1685 - The Foolish Bridegroom   
ATU 1685 - The Foolish Bridegroom.   
Beschrijving
Een boer en een boerin hebben een hond die "Van alles" heet. Tijdens de voorbereiding van een doopfeest heeft de boerin geen tijd meer om soep te koken. Zij geeft aan de meid opdracht om "van alles in de soep te doen". Als de meid van de drijvende hond in de soep vertelt wordt er geen soep meer gegeten en de boer moet naar een nieuwe hond opzoek.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.333
Commentaar
17 oktober 1977
The Foolish Bridegroom
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20