Hoofdtekst
De learzens oan'e telegraaftriedden
Der wie ris in man, dy hie in soan yn Brabân ûnder tsjinst lizzen. Op in kear kaam der in brief fan 'e soan, dat hy hie driuwend ferlet fan in pear nije learzens. Dy't er oan hie wienen skjin te'nein en hy hie gjin jild om him in pear nije meitsje te litten. Boppedat koe er salang net mear wachtsje.
'Dat treft hielendal ', sei de mem tsjin 'e heit,'do hast in pear learzens, dy steane noch op nij. Jim ha deselde mjitte fan foet. Hy moat de âlde mar weromstjoer, dan litte wy dy opmeitsje. Hoe krije wy him de nije it gauste ta?'
No wienen dêr fuort by krekt telegraafpeallen mei triedden delset—it ferhaal spilet in moai skoft Iyn, kin men hjir wol út opmeitsje. It wie de man bekend? dat men dêr fluch it ien en oar mei oerbringe koe, mar it hoe en het wist er net. Hy tocht, dan moat ik him de learzens mar mei de telegraaf stjoere, sa kriget er se op in gausten. Hy kwattele in briefke mei it adres en de soan moast dalik syn âlde learzens mar nei hûs stjoere. Doe klom er yn in telegraafpeal en hy hinge de learzens oan 'e triedden. De soan soe wol opsjen, dat er sa gau al learzens krige.
De oare moarns, hy der wer hinne. Ja, hy seach it wol, de nije learzens wienen fuort en der hongen in pear âlde foar yn 't plak. Hy wer yn 'e peal op en dy skuon der wei helje. Der wie wer in kladsje by: 'Tige betanke. De skuon binne goed te plak kommen en ik ha der mar in bulte genot fan'. 'Merakel, merakel, wat al in útfining!'sei de man. 'Hy wie ek wol oan in pear nije learzens ta', skodholle de frou.
Wat hie it gefal west? Der wie in skoaier lâns kommen. Dy wie ek handich yn de peal klattere, doe't er dêr dy nije learzens hingjen seach. Hy hie der noch mear ferlet fan as de soldaat. Doe't er it briefke lêzen hie, koe er it net litte en hingje syn âlde learzens der foar yn 't plak. En om it spul hielendal sprekke te litten hie hy dat betankbriefke der yn dien.

Onderwerp
AT 1710 - Boots Send by Telegraph   
ATU 1710 - Boots Sent by Telegraph.   
Beschrijving
Een vader krijgt van zijn dienstplichtige zoon een briefje, waarin hij schrijft dringend nieuwe laarzen nodig te hebben. De vader besluit om de nieuwe laarzen aan de telegraafdraden op te hangen, zodat de zoon zeer snel de laarzen kan ontvangen. De zoon moet dan wel zijn oude laarzen aan de telegraafdraden ophangen en versturen. De volgende morgen zag de vader dat de nieuwe laarzen weg waren. Het was gelukt. Er hingen een paar oude laarzen in de plaats. Op een papiertje stond hartelijk dank geschreven. Wat bleek het geval te zijn: een zwerver had de nieuwe laarzen eraf gehaald en zijn oude ervoor in de plaats opgehangen.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.336-337
Commentaar
6 december 1977
Boots Sent by Telegraph
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20