Hoofdtekst
Sa brún as in bij
Der wie ris in man, dy sei tsjin 'e frou: 'Ik wit der neat fan, it liif is my sa grou en ik fiel my neat net noflik. Ik wol mar efkes nei Kúkherne ta, nei Grutte Wopke. Grutte Wopke wie de duvelbander en wonderdokter, wolferneamd. Men moast jins wetter meinimme nei Wopke. De man die syn wetter yn 't fleske, mar hy hie wat te min. Hy gong ta de pôt, en geat der wat by. Mar hy prakkesearre der net oer, dat de frou, dy't in Iytsen ferwachte, de pôt ek brûkt hie. 'Sa is 't wol genôch', sei er, 'sa sil Wopke it wol sjen kinne'.
Hy kaam by Grutte Wopke en doe't dy it wetter sjoen hie, sei er: 'Wel duvel, man! Dit is raar—do moatst yn'e kream!' 'Och', sei de man, 'dêr leau ik neat fan'. 'Ja', sei Wopke, 'ik sjoch it wol oan 't wetter'.
De man joech him ôf. Hy leaude wat Wopke sein hie en tocht, ik moat mar gau meitsje, dat ik thús kom, ik wurd sa raar en sa beroerd. Underweis moast er út'e broek. Der stienen wat wylgeboskjes en dêr koe it wol efkes wurde. Hy gong út 'e broek en doe draaide er de holle om, want hy hearde wat efter him. Der wie in hazze út it leger kommen en dy skeat it lân oer. 'Dêr ha je it al', sei er tsjin himsels, 'hy is sa brún as in bij, mar hy kaam ek troch in ferkeard gat. Dit is my noch noait earder oerkommen. Grutte Wopke hie wol gelyk. Men kin mar op him oan. Hy seach it fuortynienen oan it wetter. Neat gjin wonder, dat er safolle oanrin hat. Ik tocht al, ik bin sa dik en sa grou'.
Hy kaam thús en sei tsjin 'e frou: 'No is 't net moai mear. Mar ik bin it al kwyt'. 'Hoe no sa?' frege se. 'Ik moast yn 'e kream, sei Wopke'. 'Och, grutte gekheid, wat dochst nei dy smoarge duvelbander—neat as jildweismiten'. 'Ik sei dy doch', antwurde de man, 'ik bin it al kwyt. Ik moast út'e broek en ik ha him rinnen sjoen. Hy wie sa brún as in bij en hy naaide hiel hurd út'.

Onderwerp
AT 1739 - The Parson and the Calf   
ATU 1739 - The Clergyman and the Calf.   
Beschrijving
Een man voelt zich niet zo goed. Hij gaat naar de wonderdokter "Grote Wopke". In de urine die hij meeneemt zit echter ook een beetje urine van zijn zwangere vrouw bij. Na bestudering van de urine concludeert Wopke dat de man zwanger is. Onderweg naar huis moet de man nodig zijn behoefte doen achter een struik. Plotseling hoort hij een geluid. Hij ziet iets bruins voorbij flitsen. Een haas rent weg over het land. De man denkt dat hij bevallen is van iets "zo bruin als een bij". Wopke had gelijk. Hij voelt zich nu een stuk beter.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.338
Commentaar
26 oktober 1971
The Parson and the Calf
Naam Overig in Tekst
Wopke   
Naam Locatie in Tekst
Kuikhorne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20