Hoofdtekst
Dominy, it is út
Earne boppe yn Fryslân stie in dominy, dy moast fjouwer plakken bepreekje. Dêr reizge er altiten geandefoet hinne en dan gong de foarsjonger, dy't ek foarlêzer wie, meastal mei. It wie wol te berinnen, mar doch noch in fikse kuier, dat ûnderweis, sawat op healwei, plichten se oan te stekken. Op in kear dat se wer ûnderweis wienen, sei dominy: 'Jonge, wy binne knap oan 'e betide kant, it kin hjoed wol in buorrel lije'.
Se stapten it herberchje yn en dominy sei: 'Klaske. jit ús der elk mar ien yn. It is foar myn rekken'. Klaske wie de kastleinske. Se namen him op, en doe woe de foarsjonger net minder wêze as dominy. Hy sei: 'Dominy, it is der út. Klaske, jit der noch mar ien yn'. Mei't se sa betiid wienen, sei dominy: 'It is der út. Klaske, jit noch mar ien yn'. Doe koe de foarsjonger net efterbliuwe en dy sei wer: 'Dominy, it is der út'. Hawar, dat gong in kear of fjouwer sa, en doe sei dominy: 'Dit hat moai de tiid koart, mar no hâlde wy op, ik moat daalk preekje'.
Dominy stapte al ris oer de foet, mar se kamen te plak, en dominy rekke op 'e stoel, al in bytsje nuver, en doe't er boppe wie, plofte er mar gau del. Oe foarsjonger stie foar't buordsje en song in psalm foar. Doe lies er it haadstik út'e bibel, dêr't dominy syn tekst yn stie. Dominy koe ûndertusken efkes bekomme. Mar hy bekaam te bot, dat doe't de foarsjonger it lêzen dien hie, bleau it stil yn 'e preekstoel. De foarlêzer teante der hinne: 'Dominy, it is út!' Dominy sloech de eagen op en sei: 'Klaske, jit der noch mar ien yn!'

Onderwerp
VDK 1839A* - De slapende dominee: "Schenk hem maar weer vol."
  
Beschrijving
Op weg naar een preek nemen een dominee en zijn voorzanger, omdat zij aan de vroege kant zijn, een borrel in een herberg. De voorzanger wilde zich niet laten kennen en zei dat zijn glas al leeg was. Na twee borrels vervolgden de twee hun tocht naar de preek. De dominee was een beetje beschonken. Toen de voorzanger klaar was met zijn hoofdstuk uit de bijbel riep de dominee: "schenk hem maar weer vol".
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.342-343
Commentaar
17 januari 1975
De slapende dominee: "Schenk hem maar weer vol"
Naam Overig in Tekst
Klaske   
Naam Locatie in Tekst
Friesland   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20