Hoofdtekst
De dominy dy't sa oerdreau
Der wie in dominy, men koe net sizze, dat er liigde, mar hy fergrutte de saak altyd sa. It wie ôfgryslik. Dêr kamen praatsjes oer yn 'e gemeente en klachten by de tsjerkerie. Doe ornearre de tsjerkerie: 'Dit sil oars, wy moatte der mei him oer prate'. Mar it wie sa'n toer om der mei dominy oer te praten. It wie in baas preker en se hienen it mei him op.
Mar doe soe der dan in slim set fan wêze. Se beleinen in gearkomste mei dominy. Mar sa't se dêr yn 'e konsistoarje sieten, doarst gjinien der oer begjinne. Op 't lêst wie it tsien oere, doe sei de koster tsjin 'e frou: 'It ljocht skynt dêr mar, it duorret in hûnelibben. Se kinne dat doch maklik even tsjin him sizze'. De koster wist wol, wêr't it om gong. 'Ik wol de doarren op slot ha en op bêd'. Mar it waard alve oere en it waard healwei tolven, en noch skynde it Ijocht út 'e konsistoarje. 'Ik moat der mar ris hinne', sei de koster. Ien fan 'e âlderlingen kaam by him, doe't dy gewach by de doar hearde. 'Jim klassinearje mar troch, mar ik wol op bêd. Ha jim it al tsjin him sein?' 'Ei jonge, dat is de swierrichheid - wy doarre net, gjinien fan uzes'. 'It is de muoite noch al', grommele de koster. 'No, doarre jo it him dan ûnder it each bringe?' 'Ei ja wis wol', sei de koster, hy woe op bêd, 'gean mar gau nei hûs, ik meitsje dat moarn wol mei him yn oarder'. Dat joech de âlderling flústerjend troch oan'e foarsitter en dy makke in ein oan 'e gearkomste.
Doe koe de koster op bêd, mar hy krige gjin wink yn 'e eagen. Och, och, wat ha 'k no oanhelle, tocht er. Hoe moat ik dêr moarn mei oankomme? Ik moat der mar ôf, sei er op 't lêst, fan sliepen komt sa doch neat. Tusken de kosterij en de pastorij lei in moaie tún en dêr kuiere er wat yn op en del. Hy kuiere mar en hy kuiere mar, yn 'e prakkesaasjes wei. En ferdikke—hy waard der kjel fan: dêr stie dominy foar him. 'Dominy! Jo hjirre?''Ja', sei dominy, 'en ik hie jo hjir ek net ferwachte'. 'Dat sil 'k jo fertelle—ik kin net sliepe'. 'Sa giet it my ek, want der is wat yn 'e gemeente, en by de tsjerkerie ek, mar ik wit net wat'. 'Nee', sei de koster, 'mar ik wit it wol en ik sil it jo ek wol sizze—jo preken binne bêst, mar jo fergrutsje de dingen altyd fierste bot. Soenen jo jo net in bytsje ynbine kinne, net mear sa oerdriuwe?' 'Soa', sei dominy, 'sit dêr de oast. Dat wol ik wol, mar hoe moat dat? As ik yn 't fjoer fan 'e rede bin, dan lit ik my gean'.
'Dominy', sei de koster, 'ik wol jo wol helpe. As ik no ris knap kielskraabje en brim, sa gau as jo begjinne te oerdriuwen. Dus: as ik "um" en "hum" sis, dan witte jo, hoe let as't is'. 'Graach', sei dominy,'sels fernim ik it net'. Doe gongen beide mannen op bêd en rekken al gau ûnder seil.
De sneintemoarns, it wie tsjerke, dominy kaam op 'e preekstoel en begûn te preekjen. It gong oer Simson en de foksen. Dominy hearde ôf, hoefolle as Simson wol net yn 'e bouten hie en de koster siet al te hâlden en te kearen. Dominy gong troch: 'En gemeente, Simson ving vossen met staarten van één meter vijfenzeventig. Hij bond ze met hun staarten aan elkaar, deed er een fakkel tussen, stak die in brand en liet ze los'. 'Um, hum!'sei de koster. Dominy begûn op'e nij: 'En Simson ving vossen met staarten van één meter. Hij bond ze met hun staarten aan elkaar, deed er een fakkel tussen, stak die in brand en liet ze los'. 'Um, hum!' sei de koster. Dominy begûn op 'e nij: 'Ja broeders en zusters, die vossenstaarten waren vijfenzeventig. . .' Hy hie de sin noch net ôfmakke, doe hearde er de koster wer brimmen.
'Ja sjoch ris', sei dominy, 'as ik dy sturten no noch koarter meitsje moat, dan kin ik de knoop der net mear yn krije'.
'Dominy hat gelyk, minsken', antwurde de koster, 'ik ferslokte my allinne mar yn myn prûmke!'

Onderwerp
AT 1920D - The Liar Reduces the Size of his Lie   
ATU 1920D - The Liar Reduces the Size of his Lie.   
Beschrijving
Een dominee had de neiging om tijdens de preek zijn verhalen te overdrijven. Na zijn aanvankelijke aarzeling te hebben overwonnen vertelde de koster aan de dominee over de overdrijvingen in de preek. Omdat het overdrijven van de dominee niet door hemzelf onder controle gebracht kon worden zou de koster hem een handje helpen. Als de koster "Um", "Hum" zei, zou de dominee weten dat hij overdreef. Tijdens de preek hoorde de dominee telkens maar weer het geluid van de koster. De dominee bleek echter niet te overdrijven, maar de koster had zich in een pruim verslikt.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.344-345
Commentaar
16 december 1971 en 3 november 1976
The Liar Reduces the Size of his Lie
Naam Locatie in Tekst
Simson   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20