Hoofdtekst
Gezegende ...
Baas ferver wie in eptich man, der kaam him net in ûnmooglik wurd ta de mûle út en yn 'e omgong wie er altyd like foarkommend. Doe't er ta âlderling keazen waard, wie er dêr wakker mei fergulde. Kreas yn't swarte pak siet er yn't hek. As de tsjinst begûn waard dominy by it ynkommen altyd foarôfgien fan ien fan 'e âlderlingen. Oare snein wie it baas syn bar. De hiele wike prakkesearre er dêroer nei. As er allinne yn 'e ferverswinkel stie, joech er de tinkbyldige dominy in kearmannich de hân, ear't dy by de tinkbyldige stoel op gong. Ja, dan hearde men tsjin sa'n man doch ek wat te sizzen—him op 'e ien of oare manier sterkte ta te winskjen! Dêr stinde er wakker oer en op 't lêst wie hy der út. De sneins stapte er ynfieren foar dominy út en doe't er mei him fûstke, sei er: 'Gezegende stoelgang, dominee!'

Beschrijving
Een nette man werd tot ouderling gekozen. Elke zondag moest een ouderling de dominee voorafgaan bij het binnenlopen van de kerk. De volgende zondag was het de beurt van de nette man. De hele week peinsde de man over datgene wat hij de dominee zou zeggen. Tot hij het wist en de dominee een gezegende stoelgang wenste.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.345
Commentaar
20 december 1971
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20