Hoofdtekst
De akster
In dominy wie op in sneintomoarn ûnderweis nei tsjerke en doe seach er oan it paad in jonge akster. Dy koe him net rêde: oft er te gau út it nêst fallen wie, of dat er de flerk of in poat brutsen hie, dat wit ik sa net—yn alle gefallen, dominy koe him fange. Hy wie in bistefreon en hy tocht, ik wol sjen, oft ik dat dierke ek helpe kin. Mar it wie heech tiid foar de preek, dat hy stiek him earst mar yn 'e binnenbûse fan 'e jas.
Doe't er op 'e stoel stie, fergeat er de hiele akster en ûnder de preek rekke er yn 't fjoer en doe sloech er himsels op it boarst. Dêr hearde er 'kwek!' en doe neat mear. Hy rôp sa oer de wurden fan 'e preek hinne: 'Dêr slaan 'k ferdomd myn akster dea!' De gemeente wist net, wat se der oan hie.

Onderwerp
VDK 1833J* - De ekster doodgeslagen   
Beschrijving
Een dominee zag op een zondagmorgen op weg naar de kerk een jonge ekster op het pad liggen. De dominee ving de ekster en stopte hem in zijn binnenzak. Hij wilde het diertje helpen, maar eerst moest hij preken. Toen hij begon te preken vergat hij de ekster. Op een moment sloeg hij zichzelf op de borst en hij hoorde vervolgens "kwek!" Geschrokken riep hij midden in zijn preek dat hij zijn ekster had doodgeslagen. De gemeente wist niet wat dit betekende.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.351
Commentaar
december 1971
De ekster doodgeslagen
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20