Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE351 - Preekje fan lege briefkes

Een mop (boek), vrijdag 16 december 1977

Hoofdtekst

Preekje fan lege briefkes
Te Boarnburgum stie destiids in dominy, dy seach ûnder it preekjen noait de gemeente oer, mar mei de holle foardel lies er syn preek út it boekje. Dêr krige de gemeente op 't lêst har nocht fan. Se praten der oer mei de tsjerkerie en de tsjerkerie op syn bar naam dominy geweken. 'Kin dat net ris wat oars, dominy; op sa'n manier kinne de minsken gjin oandacht by de preek hâlde'. 'Jawol', sei dominy, 'wis wol, ik soe bêst ût 'e holle preekje kinne, mar it komt my noch al krekt, wat ik sis. Dêrom hâld ik de preek fan 't papier'. 'Oh, soa, nee, de minsken tinke, dat dominy net oars kin'. 'As 't wêze moat', sei dominy, 'dan kin ik skoan in preek hâlde sûnder dat ik my der op klearmakke ha'. Dêr harken se raar fan op en se woenen it mar amper leauwe. 'No', sei dominy, 'dan moatte jimme my sneintemoarn by it begjin fan 'e preek mar in briefke jaan mei de tekst der op. Dan sille jim wol sjen'. 'Dat giet ús stoef genôch', seinen se, 'wy sille jo wol in stik of wat briefkes jaan, dan hawwe jo teminsten noch wat kar'. Mar dat seinen se der mar om, want se woenen him te fiter ha.
De sneintemoarns, doe't er oan 'e preek ta wie, krige er trije briefkes. Hy seach op it earste: 'Hier staat niets', sei er en lei it oan 'e kant. Hy seach op it twadde briefke: 'En daar staat niets'. Ek dat waard oan 'e kant lein en doe seach er op it trêde briefke: 'En daar staat helemaal niets'. Hy eage de gemeente oer en doe sei er: 'Mijn tekst van hedenmorgen is: Uit niets heeft de God de hemel en de aarde geschapen'. En dêr preke er hinne, mar wei en mar fuort. En it wie geweldich.

Onderwerp

VDK 1825A*    VDK 1825A*   

Beschrijving

Een dominee te Boarnburgum las altijd zijn preek uit een boekje voor. De gemeenteleden vonden dat hij maar de moeite moest nemen om tijdens zijn preek de gemeenteleden aan te kijken. Met de kerkeraad was de dominee tot de afspraak gekomen dat hij drie briefjes zou krijgen voor de preek van de volgende zondag. Hiermee kon hij bewijzen dat hij zonder voorbereiding in staat was om te preken. De kerkeraad bedacht een truc en gaf de dominee drie lege briefjes. De dominee begon de preek van die zondag met de woorden dat God uit het niets de hemel en de aarde had geschapen. De preek was een groot succes.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.353

Commentaar

16 december 1977
"Uit niets heeft God de wereld geschapen"

Naam Locatie in Tekst

Boarnburgum    Boarnburgum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20