Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE357 - Ik zie hem

Een mop (boek), vrijdag 19 september 1975

Hoofdtekst

Ik zie hem
It wie yn Beets, oan ús heit te hearren, en op in sneintemoarn foar de preek. Doe wie der in man—ik kin sa gau net op'e namme komme—dy wie noch efkes it fjild yn en dêr kneppele er in ein dy't him net takaam. It waard heech tiid om nei tsjerke, dat hy treau de ein gau ûnder de jas. It joech al wat in bobbel en hy fielde him wat skurf; sels miende er, dat it folle mear each joech as dat it die en dêrom wie er mar wat efter yn tsjerke sitten gongen. Under de preek tocht er hyltyd oan dy ein. It soppe net sa rom by him thús, dat dy ein strak yn 'e panne, dat wie in pree. Tagelyk harke er nei dominy syn preek, en hy stiek de earen op, doe't dy mei forheffing fan stim rôp: 'Ik zie hem!' Hy gong wat ynelkoar sitten. No moat it al raar wêze, as er him noch sjocht, tocht er. De preek gong fierder, en doe rôp dominy noch in pear keer: 'Ik zie hem! Ik zie hem!' Dat wie de tekst, of yn elk gefal, it kaam yn 'e preek te pas. Mar de man tocht, hy hat my al lang troch mei myn ein. Dat doe't dominy noch in kear 'Ik zie hem!' rôp, helle de man de ein ûnder 'e jas wei en hy rôp werom: 'Ast him dan doch sjochste—hjir hast him!' En hy slingere de ein nei de preekstoel.

Onderwerp

VDK 1833C* - "Ik zie hem!"    VDK 1833C* - "Ik zie hem!"   

Beschrijving

Een man te Beets steelt voor hij naar de kerk ging een eend. Hij nam deze eend stiekem onder zijn jas de kerk mee in. Toen de dominee met een luide stem riep: ik zie hem! dacht de man betrapt te zijn. Nadat de dominee hem een paar keer opnieuw zogenaamd zag gaf de man zich gewonnen en hij smeet de eend naar de dominee toe.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.356-357

Commentaar

19 september 1975
"Ik zie hem!"

Naam Locatie in Tekst

Beets    Beets   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20