Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE366 - Wy plakke der in stikje papier foar

Een mop (boek), maandag 08 januari 1973

Hoofdtekst

Wy plakke der in stikje papier foar
It wie op in frageleardersjûn. Earst kamen de jonges fan in jier of sechtjin, en as dy nei hûs wienen, dan kamen de famkes. Doe siet dominy dan yn 'e fragelearderskeamer mei de jonges en hy fernaam wol, hyltyd waard der wat giisgobbe en wat lake. Dominy frege: 'Wat belaitsje jim?' Doe seinen se: 'Sjoch, dominy, der sit in gatsje yn 't behang en hyltyd komt dêr even in mûske mei de kop foar. Hy sjocht wakker eigenwiis it hear oer mei syn glinsterjende eachjes en fuort is er wer. Mar it duorret justjes, dan komt er wer'. 'Dêr sjogge wy no mar net mear nei', sei dominy, 'wy moatte fierder mei ús wurk'.
Afin, de jonges gongen út en doe kamen de famkes yn. Se wienen goed en wol oan 'e gong, doe begûnen dy famkes in bytsje te gycheljen. Ien hie in lyts, fyn wyntsje gean litten en dêr moasten se om laitsje. Mar dominy hie dat net heard. 'Ja, wat is der oan?' frege er. Gjinien dy't it fertelle woe of doarst, mar se koenen it laitsjen noch net rjocht litte. 'Ja, ik wit wol, wêr't jim om laitsje', sei dominy, 'mar wy plakke der aansen in stikje papier foar en dan is't dien'.

Onderwerp

VDK 1810F* - "We plakken er wel een stukjer papier voor."    VDK 1810F* - "We plakken er wel een stukjer papier voor."   

Beschrijving

Op catechisatie moeten de jongens lachen om een muisje dat steeds uit een gaatje kruipt. Als later de meisjes op catechesatie lachen omdat een meisje een windje heeft gelaten, zegt de dominee: ik weet wel waar jullie om lachen; we zullen er zo een papiertje voor plakken.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.361-362

Commentaar

8 januari 1973
"We plakken er wel een stukje papier voor"

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20