Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE365 - Rospeal

Een mop (boek), vrijdag 26 januari 1973

Hoofdtekst

Rospeal
Op in doarp stie in dominy, dy hie in soan op stúdzje. Hy learde ta dominy en wie omtrint klear. Op in kear dat er thús wie gongen se tegearre te kuierjen. Se rûnen de dyk út bûten de buorren en doe kamen se by in jister lâns. Midden yn dy jister stie in mânske peal. Dominy lichte de hoed. 'Dag collega!' sei er tsjin 'e peal, sa minlik as er koe. De studint seach syn heit ferheard oan. 'Wêrom seit heit dat?' woe er witte.
'Sjoch, myn jonge, dat sil 'k dy fertelle. As alles goed giet, bisto aansen dominy, Iyk as ik, en ik woe dy mar efkes wize op wat dy grif boppe de holle hinget. Dy peal dêr, dat is in wriuwpeal. As de kij jokte ha, dan rosse se har dêr de bealich oan. Dêr brûke de gemeenteleden de dominy ek foar. Dy docht it har noait nei 't sin, mar dêr moatst net tefolle om jaan; se brûke ús foar wriuwpeal'.
Dat hat dy jongeman syn hiele libben ûnthâlden en it wie ien fan 'e wiiste lessen dy't er fan syn heit leard hie.

Onderwerp

VDK 1818*    VDK 1818*   

Beschrijving

Een dominee had een zoon, die voor dominee leerde. Toen de dominee met zijn zoon ging wandelen kwamen ze op het land een grote paal tegen. De dominee nam zijn hoed af en hij begroette de paal. De zoon begreep hier niets van. De dominee legde uit dat deze paal dezelfde functie heeft voor koeien als hij, als dominee, dat voor mensen heeft. Wanneer een koe jeuk heeft dan wrijft ze aan de paal. De mensen gebruiken daar de dominee voor.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.360-361

Commentaar

26 januari 1973
De dominee en de wrijfpaal: "Dag collega!"

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20