Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE368 - De iene helte skrieme, de oare laitsje

Een mop (boek), vrijdag 21 april 1972

Hoofdtekst

De iene helte skrieme, de oare laitsje
Alear hat der yn Moarmwâld in dominy stien, dy skreau him van der Valk. Dat wie in earsten reedner en hy koe oangripend preekje. Mar tagelyk wie it in apartenien en in earsten biis. As studint hie er net swak byspile, mar him sa't it like noch net genôch úttjirge. Hy wedde teminsten mei studinte-maten, dat hy soe de frouljushelte fan it tsjerkfolk skrieme en tagelyk de manljushelte laitsje litte—manlju en froulju sieten doe noch apart. Hy kaam op 'e stoel de oare sneins en preke oer in ûnderwerp, dêr koe er ûntsettend by op it gemoed arbeidzje. Dat die er ek en it duorre net lang, doe sieten de froulju mei de bûsdoek yn'e hân, en dy hienen it drok mei trienfeien. Se koenen it net foarinoarhâlde, se waarden muoilik. Oan 'e oare kant sieten de manlju en dy hienen it ek krap, mar dan om it net út te skatterjen, want oan dy kant hie van der Valk it himd ta de broek út en dan sa, dat it net healwizer lykje koe. Op sa'n manier wûn er de weddenskip mei glâns.

Onderwerp

AT 1828* - Weeping and Laughing    AT 1828* - Weeping and Laughing   

ATU 1828* - Weeping and Laughing.    ATU 1828* - Weeping and Laughing.   

Beschrijving

De dominee slaagt erin om tijdens de preek de vrouwen aan de ene kant van de kerk te laten huilen, en de mannen aan de andere kant van de kerk te laten lachen. De vrouwen huilen om de aandoenlijkheid van de preek, de mannen lachen omdat de dominee aan hun kant zijn hemd idioot uit zijn broek laat hangen.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.362

Commentaar

21 april 1972
Weeping and Laughing

Naam Overig in Tekst

Van der Valk    Van der Valk   

Moarmwâld [Murmerwoude]    Moarmwâld [Murmerwoude]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20