Hoofdtekst
Hâld de bek, ik ha byt
Te Suwâld stie ris in dominy mei in bult, dat wie in wakker geleard man, mar fan it gewoane libben om him hinne wist er in benaud bytsje. It wie in studearkeamerminske, in boekewjirm. Op in kear moast er nei Burgum. Oft er no op 'e fyts wie of te gean, dat wit ik net, yn alle gefallen, it wie noch net yn 'e tiid dat elkenien der in auto op nei hâldt.
Underweis kaam er by in trije- of fjouwersprong en doe wist er net mear, hokker kant as er út moast om yn Burgum te kommen. Oan 'e kant siet in jonge te fiskjen. Hy rôp: 'Zeg jongen, vertel me eens, is dit de weg naar Bergum?' Doe grommele de jonge, troch de tosken: 'Hâld de bek, fint!' De dominy frege noch ris. Doe sei de jonge wer: 'Hâld de bek! Ik ha byt!' Dat sinnige dominy min. Hy sei: 'Jongen, als jij zo brutaal bent, dan kom je niet in de hemel!' Mar doe sei de jonge: 'Ei ju! Dû witst de wei nei Burgum net iens. Hoe soest dan witte, oft ik yn 'e himel kom of net!'

Beschrijving
Een wereldvreemde dominee vroeg aan een jongen, die aan het vissen was, de weg naar Burgum. De jongen riep dat de dominee zijn mond moest houden, omdat hij beet had. De dominee antwoordde dat hij vast niet in de hemel komt, waarop de jongen zei dat iemand die de weg naar Burgum niet eens wist wel zou weten dat hij in de hemel kwam of niet.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.365
Commentaar
21 augustus 1975
Naam Locatie in Tekst
Burgum   
Suawoude   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20