Hoofdtekst
De jonge dy't mei iel nei dominy moast
In man dy't wol ris wat mei fûkfiskjen pielde fong ris in knap soadsje iel. Dêr die er guon fan yn in sek en hy sei tsjin syn jonge: 'Gean hjir even mei nei dominy, doch him de groetenis en sis, hjir wie in sekje mei iel fan ús heit'. It wie op 'e neidei en de jonge trof op 'e buorren syn maten. Hy lei even de sek mei ielen yn 'e berm del en begûn mei de oare jonges te boartsjen. De ielen yn 'e sek rûkten it wetter en it wie ûnbegryplik, mar se fûnen in gatsje en waarden wei yn 'e sleat.
It waard njonkenlytsen skimerich, de jonge krige de sek út 'e berm en rûn der mei nei de pastorij. Hy kaam by dominy en begûn: 'De groetenis fan ús heit . . .' Mar meiïen befielde er de sek en fernaam, dat der neat mear yn siet. Hy begûn op 'e nij: 'De groetenis fan ús heit, en hjir wie . . . en hjir wie . . . en hjir wie gjin bliksem'.

Beschrijving
Een man, die met een fuik veel aal wist te vangen, gaf zijn zoon de opdracht om een zak met aal aan de dominee te geven en hem de groeten over te brengen. Toen de jongen onderweg even een praatje met een paar andere jongens maakte en de zak met aal in de berm vlak bij het water legde, wist de aal door een gaatje uit de zak te ontkomen. Bij de dominee aangekomen kon de jongen, naast de groeten, niets anders dan een lege zak aanbieden.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.365
Commentaar
31 oktober 1971
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20