Hoofdtekst
Mocht ik no mar ien kear...
It kin wol in ferhaaltsje wêze, mar it wurdt hjir ferteld fan Freark Prûk (Freark Helffrich, ek bekend as 'de duvel fan Earnewâld'). It wie in apart man, foar alle mooglike losse putsjes wie er altyd te finen. Dit spilet yn 'e tiid, dat de Earnewâldster dominy ek wol yn Aldegea preke. In wei wie der doe noch net, dat hy moast mei de skou fan it iene plak nei it oare brocht wurde. Freark wie dan skipper en dominy siet by him yn 't boat. Op in kear sylden se moai foar't lapke. It wie heech wetter en it paad wie net goed ôfbeakene. Doe fleagen se mei in gong fan je heisa op in pôle. No, it spul del en Freark de kloet brûke om der ôf te kommen. Mar it woe noait, it woe noait! Of die hy it der om?
Op 't lêst sei Freark: 'Mocht ik no mar ien kear. ..!' 'Wat wou je dan?' frege dominy. 'No dominy, mocht ik no mar ien kear goed flokke, dan wie ik der ôf'. 'Nee Helffrich, dat kan niet, hoor. De Here moet ons verder helpen en dan kunne we niet vloeken'. Freark wer skowe om 't leven, mar hy krige him der net ôf. Op 't lêst begûn er wer: 'Dominy, mocht ik no mar ien kear. .' De tiid einde. 'Goed', sei dominy, 'maar dan zachtjes'. Freark flokte ien kear, en ja dêr skode de skou fan 'e pôle.

Beschrijving
Een dominee en een man genaamd Freark komen met hun bootje vast te zitten op een hoger gelegen stukje grond in het water. Het lukt maar niet om het bootje weer te laten varen. Freark vraagt aan de dominee of hij eens flink mag vloeken. Dit mag niet van de dominee. Na een tijdje vraagt hij het weer en nu mag het wel alleen het moet wel zachtjes gebeuren. Na een keer vloeken kon het bootje weer varen.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.366-367
Commentaar
14 december 1974
Naam Overig in Tekst
Freark Prûk   
Freark Helffrich   
Naam Locatie in Tekst
Earnewâld   
Aldegea   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20